maandag 12 februari 2018

Omrop Fryslân: Kom yn 'e kunde mei de doarpsbewenners fan Feanwâldsterwâl

Kom yn 'e kunde mei de doarpsbewenners fan Feanwâldsterwâl

Fan moandei ôf leart hiel Fryslân 128 ynwenners fan Feanwâldsterwâl kennen. It projekt Iepen Doarp hat alle doarpsbewenners frege om in ynterview te jaan en hast allegear diene sy de doar iepen. It LF2018-projekt is betocht troch Sjoerd Litjens,...
Lês mear oer: Kom yn 'e kunde mei de doarpsbewenners fan Feanwâldsterwâl.

Lees verder

Pyeongchang, dei 4: 1.500 meter froulju

Ien ûnderdiel hjoed dêr't Friezen op yn aksje komme: de 1.500 meter langebaanriden mei Ireen Wüst en Marrit Leenstra.

13.30 oere: Reedriden, 1.500 meter froulju

...
Lês mear oer: Pyeongchang, dei 4: 1.500 meter froulju.

Lees verder

Alle hynders op earste Friesian Horse Auction ferkocht

De earste online feiling fan Fryske hynders liket in súkses. Dat seit inisjatyfnimmer Jilt Jongsma fan de Friesian Horse Auction. Troch it online feilingsysteem fan in Rotterdamsk bedriuw koenen minsken real time biede op 32 Fryske hynders. Alle...
Lês mear oer: Alle hynders op earste Friesian Horse Auction ferkocht.

Lees verder

Kollum: "Bob kom naar huus"

"'Guus kom naar huus want de koeien staan op springen'. Meitsje dêr mar 'Bob wil naar huus want de koeien staan op springen' fan. Mei in grutte gniis op it gesicht lêsde ik foarige wike tongersdei it berjocht oer reedrider Bob...
Lês mear oer: Kollum: "Bob kom naar huus".

Lees verder

"Sinteklaas fermoardzje wie gewoan in grap"

De oprop om Sinteklaas mei de lanlike yntocht yn Dokkum te fermoardzjen, wie in grap. Dat sei Michael van Zeijl fan de ekstreem-linkse aksjegroep De Grauwe Eeuw...
Lês mear oer: "Sinteklaas fermoardzje wie gewoan in grap".

Lees verder

ANWB warskôget foar glêde diken

De ANWB warskôget foar glêdens troch winterske buien en opfriezing. Op de dyk kin it lokaal glêd wêze, wêrtroch't kâns bestiet op slippartijen. Op de A32 by Jirnsum glide moarntemoarn noch in auto fan de dyk.


Lês mear oer: ANWB warskôget foar glêde diken.
Lees verder

Opknapbeurt foar Balkster Teernstrabrêge

De Teernstrabrêge yn Balk is de kommende dagen ticht yn ferbân mei in renovaasje. It brêgedek wurdt ferfongen om oan alle hjoeddeistige easken te foldwaan. It ferkear is yn de rin fan de jierren hieltyd swierder wurden en de brêge is dêr net...
Lês mear oer: Opknapbeurt foar Balkster Teernstrabrêge.

Lees verder

Accare giet ek de juridyske striid oan mei de tabaksyndustry

De organisaasje foar berne- en jeugdpsychiatry Accare docht ek oanjefte tsjin de tabaksyndustry. Accare folget dêrmei ûnder oare de sikehuzen, de feriening fan bernedokters en Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. De aksje is in inisjatyf fan...
Lês mear oer: Accare giet ek de juridyske striid oan mei de tabaksyndustry.

Lees verder

Wêr moat de bernebuorkerij fan Snits nei ta?

De bernebuorkerij yn Snits fiert dit jier it 25-jierrich jubileum, mar it is noch mar de fraach oft se ek it folgjend jubileum helje sille. De bernebuorkerij is fêstige neist soarchkompleks De Ielânen. It folsleine terrein fan 20 hektare is yn...
Lês mear oer: Wêr moat de bernebuorkerij fan Snits nei ta?.

Lees verder

FIDEO: broers en sus Talsma dreame al fan Peking 2022

Wylst de Olympyske Spelen yn Pyeongchang yn folle gong binne, hawwe oare topsporters de holle al by de Olympyske Spelen yn 2022. Marwin (20), Kim (17) en Dyon (15) Talsma út Grou hawwe ien dream; oer fjouwer jier mei syn trijen op de Olympyske...
Lês mear oer: FIDEO: broers en sus Talsma dreame al fan Peking 2022.

Lees verder