donderdag 26 april 2018

Omrop Fryslân: FIDEO: Escher moat kassukses fan it Fries Museum wurde

FIDEO: Escher moat kassukses fan it Fries Museum wurde

It moat it kassukses fan it Fries Museum fan 2018 wurde: de tentoanstelling 'Escher op Reis', dy't no sneon fan start giet. M.C. Escher is ien fan de bekendste keunstners fan de wrâld, mar dat hy út Ljouwert kaam, dêr hat Fryslân én it Fries...
Lês mear oer: FIDEO: Escher moat kassukses fan it Fries Museum wurde.

Lees verder

Ien leechfleanrûte Lelystêd Airport komt te ferfallen

Ien fan de leechfleanrûtes foar Lelystêd Airport, dy't oer it suden fan Fryslân giet, komt te ferfallen. Dat docht bliken út in brief dy't minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat woansdeitemiddei oan de Twadde Keamer stjoerd...
Lês mear oer: Ien leechfleanrûte Lelystêd Airport komt te ferfallen.

Lees verder

Marit Bouwmeester nimt kopposysje oer yn Hyères

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat de kopposysje oernaam yn de wrâldbekerwedstriid by it Frânske Hyères. De olympysk kampioene einige woansdei as njoggentjinde yn de tredde race fan de Laser Radial-klasse, mar kaam yn de fjirde race goed...
Lês mear oer: Marit Bouwmeester nimt kopposysje oer yn Hyères.

Lees verder

Trije "gefaarlikste krúspunten fan Fryslân" oanpakt yn 2020

Trije krúspunten op de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert, de N359, wurde oer sa'n twa jier oanpast. It giet om de krúspunten by Burchwert, Wommels-Noard en Boalsert-Noard, dy't bekend steane as de gefaarliksten fan Fryslân.

...
Lês mear oer: Trije "gefaarlikste krúspunten fan Fryslân" oanpakt yn 2020.

Lees verder

Stichting Slach by Warns komt mei Mienskipsdei op it Reaklif

De Stichting Slach by Warns organisearret dit Kulturele Haadstêdjier de jierlikse betinking op It Reaklif as Mienskipsdei. Doarpsbelangen út de hiele provinsje wurde útnûge om mei in delegaasje nei It Klif te kommen.

Ienheid yn ferskaat...
Lês mear oer: Stichting Slach by Warns komt mei Mienskipsdei op it Reaklif.

Lees verder

Bestjoerder slingeret troch wenwyk ûnder ynfloed fan drugs

De plysje fan Ljouwert hat it rydbewiis fan in 31-jierrige ynwenner fan de stêd ynnaam. De plysje hie heard dat de man woansdeitejûn slingerjend mei syn auto oer de dyk ried. Hy koe oanhâlden wurde op de Pieterseliestraat. Dêrby die bliken dat de...
Lês mear oer: Bestjoerder slingeret troch wenwyk ûnder ynfloed fan drugs.

Lees verder

Ald-Hearrenfeanspiler Willem Huizing nei Harkemase Boys

Fuotballer Willem Huizing spilet takom seizoen foar Harkemase Boys. De âld-spiler fan sc Hearrenfean makket de oerstap fan FC Emmen. Huizing (23) komt fan De Harkema, mar hy spile hast syn hiele jeugd by sc Hearrenfean. Twa seizoenen lyn makke er...
Lês mear oer: Ald-Hearrenfeanspiler Willem Huizing nei Harkemase Boys.

Lees verder

Jierren fan striid tsjin oergewicht binne net om 'e nocht

It oergewicht ûnder bern yn de gemeente Smellingerlân nimt ôf. Dat blykt út sifers fan de jeugdsûnenssoarch. Dat is opfallend, omdat lanlik sjoen de bern hieltyd swierder wurde.

Dat it yn Smellingerlân relatyf goed giet,...
Lês mear oer: Jierren fan striid tsjin oergewicht binne net om 'e nocht.

Lees verder

Kollum: "Terms of Service"

Op dit stuit steane yn myn mailbox in pear berjochten klear dy't ik noch lêze moat. Ik sjocht der net nei út. It giet om nije Terms Of Service and Privacy Policy. En wol foar Twitter, Facebook, Yahoo, Google, PayPal, YouTube en Instagram...
Lês mear oer: Kollum: "Terms of Service".

Lees verder

Keatsers PC lotsje dit jier net yn De Koornbeurs

De lotting foar de PC is dit jier net yn De Koornbeurs yn Frjentsjer, mar op it Sjûkelân. De lotting, op de moandei foar de keatsklassiker, is no ûnderdiel fan in foarstelling mei muzyk, dûns en kabaret. Yn de dagen dêrnei binne der ek noch...
Lês mear oer: Keatsers PC lotsje dit jier net yn De Koornbeurs.

Lees verder