dinsdag 17 april 2018

Omrop Fryslân: Rjochtbank Ljouwert koart ûntromme troch gaslek

Rjochtbank Ljouwert koart ûntromme troch gaslek

De rjochtbank oan it Saailân yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn koarte tiid ûntromme west fanwege in gaslek. Sa'n 200 minsken stiene op strjitte. It gaslek ûntstie troch graafwurk neist it gebou, wêrnei't de brânwacht de minsken nei bûten stjoerde....
Lês mear oer: Rjochtbank Ljouwert koart ûntromme troch gaslek.

Lees verder

Man slim ferwûne nei oanriding Boalsert

By in ûngelok op de Marktstrjitte yn Boalsert is tiisdeitemoarn in man slim ferwûne rekke. It slachtoffer waard skept troch in auto, dy't efterút ried. Meiwurkers fan de ambulânse ha it slachtoffer behannele en nei it sikehûs brocht. De plysje...
Lês mear oer: Man slim ferwûne nei oanriding Boalsert.

Lees verder

Kreative oplieding yn Fryslân net oerstallich

Kreative MBO-opliedingen foar artysten of kleanûntwerpers kinne mar better ferdwine. Dat stiet yn in advys fan de kommisje Macrodoelmatigheid MBO. Dy stelt dat der mei dizze opliedingen amper kâns op in baan is. Neffens de kommisje komme der...
Lês mear oer: Kreative oplieding yn Fryslân net oerstallich.

Lees verder

"Dag en Nacht' fan Escher oankocht troch Fries Museum

It Fries Museum hat it bekende houtfyk 'Dag en Nacht' fan grafikus M.C. Escher oankocht. It wurk is ien fan de topstikken út de tentoanstelling 'Escher op reis', dy't fan 28 april ôf te sjen is yn it museum. It wurk út 1938 lit in Nederlânsk...
Lês mear oer: "Dag en Nacht' fan Escher oankocht troch Fries Museum.

Lees verder

Finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen moat iepenbliuwe

De finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen moat iepenbliuwe. Op inisjatyf fan de PvdA tsjinje sân fan de acht fraksjes fan de gemeenteried fan Eaststellingwerf tiisdeitejûn in moasje yn by B en W. Yn de finzenis sitte op it stuit noch Noarske...
Lês mear oer: Finzenis Norgerhaven yn Feanhuzen moat iepenbliuwe.

Lees verder

Van Bekkum: "Undersyk nei moard op Malta is wichtich"

Foarsitter Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd 2018 fynt it in goede saak as de Europeeske Uny ûndersyk docht nei de foarsitter fan Kulturele Haadstêd Valletta. Dizze Jason Micallef seit dat it betinkplak foar in fermoarde sjoernaliste no in...
Lês mear oer: Van Bekkum: "Undersyk nei moard op Malta is wichtich".

Lees verder

Gemeente nimt mear tiid foar graafwurk Broereplein Boalsert

It graafwurk foar de flearmûsfontein op it Broereplein yn Boalsert freget mear tiid as earder tocht waard. Der wurde mear grêven en minsklike skeletten fûn as earder tocht waard. De archeologen krije fan de gemeente Súdwest-Fryslân alle romte om...
Lês mear oer: Gemeente nimt mear tiid foar graafwurk Broereplein Boalsert.

Lees verder

Studinten meitsje paradys foar bijen lâns N32 by Wurdum

De rykswei N32 by Wurdum wurdt in 'Honey Highway', in paradys foar bijen. Yn de berm wurdt in oerflakte fan 10.000 fjouwerkante meter grûn klearmakke foar streekeigen wylde...
Lês mear oer: Studinten meitsje paradys foar bijen lâns N32 by Wurdum.

Lees verder

Wurdt stimmen foar sechtjinjierrigen mooglik?

Sechtjinjierrigen moatte takom jier meistimme kinne by de Provinsjale Steateferkiezingen. It is in proef, dy't de provinsjes Fryslân en Seelân hâlde wolle. Neffens deputearre Sander de Rouwe kin je sa de jeugd better belûke by de beslútfoarming...
Lês mear oer: Wurdt stimmen foar sechtjinjierrigen mooglik?.

Lees verder

Provinsje fiert dit jier ekstra kontrôles út

Greidboeren wurde dit jier ekstra kontrolearre op har soarchplicht foar de greidefûgels. Dat stiet yn it jierplan 2018 fan de provinsje. Ut dat plan docht ek bliken dat der in ynhelslach makke wurdt by de kontrôle en hanthavening fan swimbaden yn...
Lês mear oer: Provinsje fiert dit jier ekstra kontrôles út.

Lees verder