zondag 29 april 2018

Omrop Fryslân: UPDATE: Nyck de Vries pakt earste poadiumplak fan it seizoen

UPDATE: Nyck de Vries pakt earste poadiumplak fan it seizoen

Formule 2 koereur Nyck de Vries fan Twellingea hat snein syn earste poadiumplak fan dit seizoen pakt. De Fries pakte yn de sprintrace yn Azerbeidzjan it twadde plak. In tige goeie prestaasje om't De Vries as fjirtjinde oan de start ferskine mocht...
Lês mear oer: UPDATE: Nyck de Vries pakt earste poadiumplak fan it seizoen.

Lees verder

Sven Kramer wurdt heit

Reedrider Sven Kramer wurdt heit. De Olympysk kampioen makke dat sneintemoarn sels bekend op twitter.

Mei in plaatsje fan it boek fan Kluun 'Help, ik heb mijn vrouw zwanger gemaakt!' waard de komst fan de nije Kramer-telch oankundige....
Lês mear oer: Sven Kramer wurdt heit.

Lees verder

Ald-wethâlder Tytsjerksteradiel: "Dit rekket my persoanlik"

"De PvdA waard nei ien simpel petear oan de kant reage. En dat nei 72 jier posityf gearwurkjen tusken CDA en PvdA. Dat rekket my persoanlik." Dat sei âld-PvdA-wethâlder Houkje Rijpstra snein yn it radioprogramma...
Lês mear oer: Ald-wethâlder Tytsjerksteradiel: "Dit rekket my persoanlik".

Lees verder

Bouwmeester slút yn styl ôf by wrâldbeker Hyères

Sylster Marit Bouwmeester hat de wrâldbekerwedstriid yn it Frânske Hyères yn styl ôfsletten. De Wartenster wie sneon al wis fan de winst yn de Laser Radial-klasse mei allinnich de...
Lês mear oer: Bouwmeester slút yn styl ôf by wrâldbeker Hyères.

Lees verder

SC Hearrenfean docht minne saken nei ferlies by NAC Breda

Sportklup Hearrenfean hat minne saken dien mei it each op pleatsing foar de play-offs om Europeesk fuotbal. Yn de foarlêste spylronde gie de ploech fan trainer Jurgen Streppel hurd ûnderút by NAC Breda. It waard 3-0 foar de Brabanners.

...
Lês mear oer: SC Hearrenfean docht minne saken nei ferlies by NAC Breda.

Lees verder

Froulju Hearrenfean rinne bekerfinale mis

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe sneintemiddei de heale finalewedstriid yn de beker ferlern fan Ajax. De Feansters ferlearen trochdat Ajax yn de lêste minút fan de blessueretiid de 1-0 skoarde en der sa mei de winst fantroch gie.

Ajax...
Lês mear oer: Froulju Hearrenfean rinne bekerfinale mis .

Lees verder

UPDATE: Utslaande brân yn wenhûs yn Kollumersweach

De brânwacht moast sneintemiddei mei meardere weinen útride foar in útslaande wenningbrân yn Kollumersweach. Op 'e souder fan in wenhûs oan de Wiersmastrjitte bruts middeis troch noch ûnbekende oarsaak brân út. Der waard út foarsoarch opskaald...
Lês mear oer: UPDATE: Utslaande brân yn wenhûs yn Kollumersweach.

Lees verder

Partoer Sint-Jabik wint Bangmapartij yn Weidum

De 67e edysje fan de Bangmapartij foar de ôfdielingspartoeren is snein wûn troch it partoer fan Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Taeke Triemstra en Renze Hiemstra. Yn in ûnderhâldende finale wiene sy mei 5-4 en 6-4 justjes sterker as it partoer...
Lês mear oer: Partoer Sint-Jabik wint Bangmapartij yn Weidum.

Lees verder

Winst foar kuorballers LDODK, lykspul SCO

De kuorballers fan LDODK hawwe snein yn de Ereklasse A de kompetysjewedstriid wûn fan AW/DTV út Amsterdam. De Gordyksters wûnen op eigen fjild mei 21-16. 

SCO út Aldeholtpea spile snein yn de Haadklasse A thús lyk tsjin KV Wageningen. It...
Lês mear oer: Winst foar kuorballers LDODK, lykspul SCO.

Lees verder

VV Hearrenfean ferliest fan De Bataven

Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat snein mei 1-0 ferlern fan De Bataven út Gendt. VV Hearrenfean krige yn de 4e minút in penalty, mar dy gie der net yn. Inkelde minuten letter skoarde De Bataven wol. De Feanster fuotballers wiene noch in pear...
Lês mear oer: VV Hearrenfean ferliest fan De Bataven.

Lees verder