dinsdag 1 mei 2018

Omrop Fryslân: 11Fountains-fontein Snits no alwer fuorthelle

11Fountains-fontein Snits no alwer fuorthelle

De 11Fountains-fontein dy't moandei pleatst waard by de Wetterpoarte yn Snits, is fuortendaliks wer fuorthelle. It die bliken dat de fontein te heech yn it wetter fan de grêft stie. De fontein sil no oanpast wurde en op 7 maaie opnij in plak...
Lês mear oer: 11Fountains-fontein Snits no alwer fuorthelle.

Lees verder

Kanadeeske feteranen plantsje maple leaf-beam by De Klinze

Seis Kanadeeske feteranen fan de Royal Canadian Dragoons hawwe moandeitejûn, tusken de buien troch, in esdoarn plante yn de tún achter De Klinze yn Aldtsjerk. It blêd fan de esdoarn - de maple leaf - is it nasjonale symboal fan Kanada. De beam is...
Lês mear oer: Kanadeeske feteranen plantsje maple leaf-beam by De Klinze.

Lees verder

Jong Cambuur slút beloftekompetysje ôf mei lykspul

Jong Cambuur hat it lêste kompetysjeduel fan dit seizoen gelyk spile. De Ljouwerters liken op besite by Jong ADO Den Haag de folle trije punten mei te nimmen, mar Jong ADO makke yn de slotminút de lykmakker. It waard dêrtroch úteinlik 3-3.

...
Lês mear oer: Jong Cambuur slút beloftekompetysje ôf mei lykspul.
Lees verder

Dokumintêre oer fermoarde Malteeske sjoernaliste yn Slieker

By bioskoop Slieker yn Ljouwert is tongersdei de dokumintêre 'Daphne' te sjen.  Dêryn stiet de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia sintraal, dy't ein...
Lês mear oer: Dokumintêre oer fermoarde Malteeske sjoernaliste yn Slieker.

Lees verder

CDA Dantumadiel djip teloarsteld oer kolleezjefoarming

De teloarstelling by it CDA yn Dantumadiel sit djip. De partij sil net meidwaan yn in nij kolleezje. De eask fan de ChristenUnie om in foltiid-wethâlder te leverjen wie it brekpunt. Neffens it CDA is dat net nedich en ek te djoer.

It CDA...
Lês mear oer: CDA Dantumadiel djip teloarsteld oer kolleezjefoarming.

Lees verder

Trochrider socht: frou op elektryske fyts rydt jonkje oan

De plysje op De Jouwer siket de bestjoerder fan in elektryske fyts dy't trochriden is nei in ûngelok. De frou ried op Keningsdei middeis in jonkje oan op de krusing fan de Midstrjitte en de Hurddraverswei. It jonkje waard op it stuit fan de...
Lês mear oer: Trochrider socht: frou op elektryske fyts rydt jonkje oan.

Lees verder

Twadde stakingdei: bussen en treinen fan Arriva ride wer net

It iepenbier ferfier op in soad plakken fan de provinsje leit tiisdei ek plat. Lykas moandei wurdt tiisdei ek staakt troch personiel fan ferfierder Arriva. Dat...
Lês mear oer: Twadde stakingdei: bussen en treinen fan Arriva ride wer net.

Lees verder

Syktocht yn Frjentsjer nei fermiste Dénis giet fierder

De plysje siket tiisdei opnij nei in fermiste man yn de jachthaven fan Frjentsjer. De 26-jierrige Dénis Heinen út Soest hat freed mei twa maten Keningsdei fierd yn de stêd, hat dêr de sneon ek noch trochbrocht, mar wurdt sûnt snein fermist....
Lês mear oer: Syktocht yn Frjentsjer nei fermiste Dénis giet fierder.

Lees verder

Kollum: "Kabaal op de Dam"

"It soe net. Omdat it net goed foar de bloeddruk is. En toch doch ik it. Mei it risiko dat ik aanst 150 oer 300 mjit. Ik ha it fansels oer de oanlieding foar dizze kollum. Der wiene ôfrûne dagen genôch berjochten dêr't men oer te set koe. Dochs...
Lês mear oer: Kollum: "Kabaal op de Dam".

Lees verder

Syktocht nei fermiste Dénis hat noch neat opsmiten

De syktocht yn Frjentsjer nei de fermiste Denis Heinen út Soest hat oant no ta noch neat opsmiten. De man wurdt sûnt sneintemoarn fermist. Hy wie mei in pear freonen mei de boat yn Frjentsjer en is neffens syn sus nachts fan bêd ôfgien. Sûnt dy...
Lês mear oer: Syktocht nei fermiste Dénis hat noch neat opsmiten.

Lees verder