maandag 14 mei 2018

Omrop Fryslân: Boarplatfoarm boppe Skiermûntseach wurdt fuortsleept

Boarplatfoarm boppe Skiermûntseach wurdt fuortsleept

It boarplatfoarm fan Oranje-Nassau Energie yn de Noardsee boppe Skiermûntseach wurdt snein fuortsleept. Enerzjybedriuw Hansa begûn trije moanne lyn mei proefboarringen yn it gebiet, nei't earder bliken die dat der mooglik grutte gasfjilden yn de...
Lês mear oer: Boarplatfoarm boppe Skiermûntseach wurdt fuortsleept.

Lees verder

Thewis Hobma oermachtich by fierljeppen yn Bûtenpost

Thewis Hobma fan Harns hat sneontejûn de fierljepwedstriid yn Bûtenpost wûn. By de senioaren pakte er de oerwinning mei in sprong fan 20.26 meter. Opmerklik wie dat dat syn alderearste sprong wie en dêrmei wie er ek de iennichste dy't oer de...
Lês mear oer: Thewis Hobma oermachtich by fierljeppen yn Bûtenpost.

Lees verder

Grut keunstprojekt by Sleat siket frijwilligers

It keunstprojekt The Colorfield Performance hat driuwend ferlet fan frijwilligers. It grutte projekt set kommende tiisdei útein by Sleat, mar kin noch flink wat helpers brûke foar alderhande putsjes, meldt de organisaasje.

The Colorfield...
Lês mear oer: Grut keunstprojekt by Sleat siket frijwilligers.

Lees verder

Grutte Pier bringt bier fan reinwetter op de merk

De Ljouwerter brouwerij Grutte Pier hat dit wykein in wol hiel bysûnder bierke op de merk brocht. It bier mei de namme Friese Boezem wurdt nammentlik makke fan reinwetter. It bier is ûntwikkele mei it bedriuw Rainbeer dat ek al twa oare...
Lês mear oer: Grutte Pier bringt bier fan reinwetter op de merk.

Lees verder

Ekstra treinútfal komt troch it waarme waar

It waarme waar fan de ôfrûne twa wiken hat soarge foar in soad ekstra treinútfal by Arriva yn Fryslân en Grins. In technysk ûnderdiel fan de trein, de saneamde stroomrichter, kin min oer de hommelse feroarings yn temperatuer. Dat soarget derfoar...
Lês mear oer: Ekstra treinútfal komt troch it waarme waar.

Lees verder

Ald-FNP-foarsitter: Feangreideplan opposysje is in goed plan

Ald-foarsitter fan de FNP Ultsje Hosper betitelet it feangreideplan fan de opposysjepartijen yn de Fryske steaten as 'in goed plan'.

Hannen ynienslaan

"It...
Lês mear oer: Ald-FNP-foarsitter: Feangreideplan opposysje is in goed plan.

Lees verder

Degradaasje hast in feit foar VV Hearrenfean nei ferlies

Allinnich in wûnder kin der noch foar soargje dat VV Hearrenfean sneinshaadklasser bliuwt. De ploech fan Marcel Valk gie snein mei 3-1 ûnderút by RKHVV út it Gelderske Huissen. Yn de lêste twa wedstriden moat Hearrenfean no in ferskil fan seis...
Lês mear oer: Degradaasje hast in feit foar VV Hearrenfean nei ferlies.

Lees verder

Djoer thúsferlies Snits Wyt Swart tsjin direkte konkurrint

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat snein minne saken dien yn de striid tsjin neikompetysjefuotbal: thús ferlear de ploech mei 1-0 fan direkte konkurrint De Bataven.

Nei in saaie earste helte, lieten de twa ploegen it publyk nei it...
Lês mear oer: Djoer thúsferlies Snits Wyt Swart tsjin direkte konkurrint.

Lees verder

LDODK giet ûnderút yn Amsterdam

De kuorballers fan LDODK hawwe snein yn de Eareklasse A ferlern fan Blauw-Wit. Op it fjild yn Amsterdam wie de thúsploech mei 22-15 te sterk.

Even op foarsprong

De ploech út De Gordyk koe yn de earste helte noch goed meikomme....
Lês mear oer: LDODK giet ûnderút yn Amsterdam.

Lees verder

Auto brânt folslein út yn Haulerwyk

Yn Haulerwyk is sneintemiddei in auto folslein útbrând. Dat barde op de Norgerwei. Hoe't it barre koe, is noch net dúdlik. De bestjoerder koe yn alle gefallen sûnder ferwûningen út de auto komme. Dy auto is yntusken fuorthelle.


Lês mear oer: Auto brânt folslein út yn Haulerwyk.
Lees verder