zaterdag 19 mei 2018

Omrop Fryslân: Utdaging: binnen 32 oeren de alve stêden by del drave

Utdaging: binnen 32 oeren de alve stêden by del drave

De Alvestêde Ultrarin is sneon fan start gien yn Boalsert. De 39 dielnimmers drave 230 kilometer achterinoar. Se moatte yn alle gefallen binnen 32 oeren oer de finish...
Lês mear oer: Utdaging: binnen 32 oeren de alve stêden by del drave.

Lees verder

Friezen weagje har oan Bertsolaritza-fenomeen

Ut de bleate holle muzikaal dichtsje en rymje. En dat direkt neidat je in opdracht krije wêr't it oer gean moat; sa soene je it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen útlizze kinne. Yn Ljouwert is freedtejûn nei it fertoanen fan in dokumintêre (Fryslân...
Lês mear oer: Friezen weagje har oan Bertsolaritza-fenomeen.

Lees verder

Strjitfuotbal op Aldehoustertsjerkhôf

Oeral yn Fryslân wurdt sneon wer fuotballe, mar net allinnich op de sportfjilden. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is it Nationaal Street Festival. Minsken út it hiele lân dy't yn de maatskiplike opfang sitte, dogge yn 40 teams mei oan de...
Lês mear oer: Strjitfuotbal op Aldehoustertsjerkhôf.

Lees verder

Fonteinen meitsje dei nei offisjele iepening soad los

De fonteinen dy't freed offisjeel iepene binne, meitsje in soad los yn Fryslân. Tsien fan de alve fonteinen binne foar it earst oanset, dy fan Dokkum is noch...
Lês mear oer: Fonteinen meitsje dei nei offisjele iepening soad los.

Lees verder

Brânwacht befrijt beknypt persoan op De Lemmer

Op De Lemmer hat de brânwacht sneontemoarn in persoan befrijd dy't beknypt siet. Dat wie achter in wenning oan de Pluut. Helpferlieners wienen in oere mei it slachtoffer dwaande. Dy is dêrnei oerbrocht nei it sikehûs.  De brânwacht, ambulânse en...
Lês mear oer: Brânwacht befrijt beknypt persoan op De Lemmer.

Lees verder

Slûs oan Snitser Aldfeart troch fandalen bûten gebrûk

De slûs oan de Snitser Aldfeart krekt ûnder Snits hat in pear dagen bûten gebrûk west, om't fandalen de lier, bekabeling en oare rustfrijstielen ûnderdielen stellen hienen. Boaten út de rjochting fan Loaiïngea, Goaiïngea en Offenwier koenen net...
Lês mear oer: Slûs oan Snitser Aldfeart troch fandalen bûten gebrûk.

Lees verder

Provinsje wol witte wat âlden fan Taalkado fine

De provinsje siket heiten en memmen dy't tusken 2016 en no by de oanjefte fan harren bern op it gemeentehûs it Taalkado krigen hawwe. Dêryn sitte Fryske boekjes en cd's mei ferskes en ek ynformaasje oer meartalich grutbringen. De provinsje wol...
Lês mear oer: Provinsje wol witte wat âlden fan Taalkado fine.

Lees verder

Botsing mei meardere auto's op N381 by Easterwâlde

Op de N381 by Easterwâlde binne sneontemiddei meardere auto's mei-inoar yn botsing kaam. It giet yn elts gefal om trije auto's; dy binne troch de klap flink skansearre rekke. Ien fan de auto's is nei it ûngelok yn 'e sleat terjochte kaam. Hoe't...
Lês mear oer: Botsing mei meardere auto's op N381 by Easterwâlde.

Lees verder

ONS Snits hurd ûnderút tsjin kampioen Spakenburg

De fuotballers fan ONS Snits hawwe sneontemiddei op it eigen Sudersportpark ferlern fan SV Spakenburg. De gasten wiene mei 4-0 te sterk de Snitsers en dêrmei hat Spakenburg ek it kampioenskip yn de tredde difyzje feilich steld. Yn de fiifde minút...
Lês mear oer: ONS Snits hurd ûnderút tsjin kampioen Spakenburg.

Lees verder

Punt foar Harkemase Boys yn Harderwijk

Harkemase Boys hat sneontemiddei yn Harderwijk in punt oerhâlden oan it duel mei VVOG. It waard úteinlik 1-1, troch doelpunten fan Frank Hol en Yannick Kaluzi. Hol wie al nei trije minuten ferantwurdlik foar de iepeningsgoal fan VVOG. Nei in...
Lês mear oer: Punt foar Harkemase Boys yn Harderwijk.

Lees verder