vrijdag 8 juni 2018

Omrop Fryslân: 'As der neat feroaret, geane dit jier achthûndert boeren fallyt'

'As der neat feroaret, geane dit jier achthûndert boeren fallyt'
Yn in iepen brief oan it hiele lân liede boeren de needklok. Se wolle dat lânbouminister Carola Schouten alles op alles set om de situaasje op te lossen.
Lês mear oer: 'As der neat feroaret, geane dit jier achthûndert boeren fallyt'.
Lees verder

Kollum: "Brutsen hert"
"Ien fan ús jonges giet in konfrontaasje net gau út 'e wei en as er syn fûsten rôlet, is er ek net te beroerd om dy te brûken."
Lês mear oer: Kollum: "Brutsen hert".
Lees verder

Nij sikehûs soarget foar nije oanwaaks by Boalserter waskerij
Rentex Floron út Boalsert siket nije wurknimmers. Dy binne nedich omdat de waskerij de wask fan it nije Prinses Máxima Centrum yn Utrecht waskje sil.
Lês mear oer: Nij sikehûs soarget foar nije oanwaaks by Boalserter waskerij.
Lees verder

Ljouwerter plysje hâldt sûplap oan en bringt fraudeur nei hûs
De plysje moast tongersdeitenacht yn de binnenstêd fan Ljouwert ferskate kearen yn aksje komme. Trije stedsbewenners waarden ta de oarder roppen.
Lês mear oer: Ljouwerter plysje hâldt sûplap oan en bringt fraudeur nei hûs.
Lees verder

Enkête: foar hokker lân bisto by it WK?
In WK sûnder Oranje, en dus is it de grutte fraach: foar wa binne wy? De regionale omroppen en de NOS wolle dit yn bylde bringe.
Lês mear oer: Enkête: foar hokker lân bisto by it WK? .
Lees verder

Plysje warskôget boatsjeminsken foar dieven yn Ljouwerter Prinsetún
In soad boatsjeminsken binne de ôfrûne tiid slachtoffer wurden fan stellerij yn de Prinsetún yn Ljouwert. De plysje warskôget dêrom wach te wêzen.
Lês mear oer: Plysje warskôget boatsjeminsken foar dieven yn Ljouwerter Prinsetún.
Lees verder

Subsydzje foar keunstners yn SRV-wein
Byldzjende keunstners kinne subsydzje krije om yn in SRV-wein troch Fryslân te riden en tagelyk nij wurk te meitsjen.
Lês mear oer: Subsydzje foar keunstners yn SRV-wein.
Lees verder

Buske stiet yn de brân op de A31 by Dronryp
Op de A31 tusken Ljouwert en Harns stiet op 'e hichte fan Dronryp in auto yn de brân. De brânwacht fan Marsum is dwaande mei blussen.
Lês mear oer: Buske stiet yn de brân op de A31 by Dronryp.
Lees verder

Buske yn de brân op A31 by Dronryp; dyk wer frij
Op de A31 tusken Ljouwert en Harns stie op 'e hichte fan Dronryp in auto yn de brân. De brânwacht fan Marsum hat dwaande west mei blussen.
Lês mear oer: Buske yn de brân op A31 by Dronryp; dyk wer frij.
Lees verder

'Heer van Heerenveen' Klaas de Jonge (91) stoarn
Earelid Klaas de Jonge fan SC Heerenveen is tiisdei stoarn. De Jonge wie mear as sechtich jier frijwilliger by de klup. De Jonge waard 91 jier.
Lês mear oer: 'Heer van Heerenveen' Klaas de Jonge (91) stoarn.
Lees verder