donderdag 19 juli 2018

Omrop Fryslân: Brânwacht yn aksje foar brân op strân by de Smelle Ie

Brânwacht yn aksje foar brân op strân by de Smelle Ie
De brânwacht fan Beetstersweach moast woansdeitejûn útride foar in brân op it strantsje fan de Smelle Ie.
Lês mear oer: Brânwacht yn aksje foar brân op strân by de Smelle Ie.
Lees verder

Kollum: "Reinbôgeprovinsje"
Fryslân is de ienichste provinsje dy't net in offisjele Reinbôgeprovinsje is, kollumnist Botte Jellema is it hjir perfoarst net mei iens.
Lês mear oer: Kollum: "Reinbôgeprovinsje".
Lees verder

De ekonomy groeit: wurkjouwers sitte te springen om personiel
De ekonomy groeit en hieltyd minder minsken sitte sûnder wurk. Dit hat gefolgen foar it tal fakatures. Oan it begjin fan 2018 stiene 5.500 Fryske fakatures iepen.
Lês mear oer: De ekonomy groeit: wurkjouwers sitte te springen om personiel.
Lees verder

Piet Paulusma: takom wike komt de temperatuer boppe de 30 graden
Nederlân kin te meitsjen krije mei in offisjele hittegolf, en ek yn Fryslân is der kâns op temperatueren boppe de 30 graden.
Lês mear oer: Piet Paulusma: takom wike komt de temperatuer boppe de 30 graden.
Lees verder

Posityf gefolch fan de drûge en waarme tiid: minder tikebiten
De bisten hawwe yn de ôfrûne jierren hieltyd mear minsken biten, mar krekt dit jier bliuwt it tal tikebiten efter.
Lês mear oer: Posityf gefolch fan de drûge en waarme tiid: minder tikebiten.
Lees verder

Kening Willem-Alexander by premjêre De Stormruiter
De kening en prinses Beatrix binne op sneontejûn 8 septimber oanwêzich by de premjêre fan de muzyk- en teäterfoarstelling De Stormruiter yn it WTC Expo yn Ljouwert.
Lês mear oer: Kening Willem-Alexander by premjêre De Stormruiter.
Lees verder

Gemeente It Hearrenfean wol yllegale ôffaldump oanpakke
It yllegaal dumpen fan ôffal soarget op in soad plakken foar oerlêst. De gemeente It Hearrenfean komt yn aksje.
Lês mear oer: Gemeente It Hearrenfean wol yllegale ôffaldump oanpakke.
Lees verder

Switte yn de hitte fan de kassen yn Bitgum
Miskien wol ien fan de dreechste banen as it echt hyt wurdt: wurkje yn de kassen yn Bitgum.
Lês mear oer: Switte yn de hitte fan de kassen yn Bitgum.
Lees verder

Al 1500 minsken sille meiswimme mei Maarten van der Weijden
Sy hawwe har oanmeld om yn augustus mei te dwaan oan de Alvestêdeswimtocht fan olympysk kampioen Maarten van der Weijden.
Lês mear oer: Al 1500 minsken sille meiswimme mei Maarten van der Weijden.
Lees verder

Mei in ezel ûnderweis troch Fryslân
Teätermakker Tjerk Ridder rint fan Parys nei Grins en is op it stuit yn Fryslân.
Lês mear oer: Mei in ezel ûnderweis troch Fryslân.
Lees verder