woensdag 4 juli 2018

Omrop Fryslân: ElfwegenVLOG: Bauke is hjoed op tsjiltsjes

ElfwegenVLOG: Bauke is hjoed op tsjiltsjes
Dizze wike sil ferslachjouwer Bauke Deelstra fossylfrij mei minsken nei it wurk. Woansdei giet er mei Sinne en Jilles op skeelers nei skoalle.
Lês mear oer: ElfwegenVLOG: Bauke is hjoed op tsjiltsjes.
Lees verder

Malteeske minister fan kultuer no dochs nei Ljouwert
Owen Bonnici komt om te praten oer de argewaasje tusken beide kulturele haadstêden, Valletta en Ljouwert-Fryslân.
Lês mear oer: Malteeske minister fan kultuer no dochs nei Ljouwert.
Lees verder

'Conference of the birds' oer de oerienkomsten tusken fûgels en Fryske orkesten
Ien fan de grutste teäterspektakels fan LF2018 hat de fokus op saken dy't in soad Friezen oan it hert gean.
Lês mear oer: 'Conference of the birds' oer de oerienkomsten tusken fûgels en Fryske orkesten.
Lees verder

Noed oer wenningbou yn lytse doarpen Eaststellingwerf
By de kriteria dy't foarsteld binne foar de ferdieling fan wenningen steane de gruttere kearnen - Appelskea, Haulerwyk en Easterwâlde - foarop.
Lês mear oer: Noed oer wenningbou yn lytse doarpen Eaststellingwerf.
Lees verder

Zeinstra flagget kwartfinale tusken Sweden en Ingelân
It wurdt de fjirde wedstriid foar de assistint-skiedsrjochter op it WK Fuotbal yn Ruslân. De wedstriid yn Samara is op sneontemiddei.
Lês mear oer: Zeinstra flagget kwartfinale tusken Sweden en Ingelân.
Lees verder

Carver komt mei nije assemblaazjefabryk nei Fryslân
Wêr't it fabryk krekt komt, is noch net dúdlik. Carver ûntwikkelet en produsearret in nij elektrysk en miljeufreonlik ferfiermiddel, ûnder deselde namme.
Lês mear oer: Carver komt mei nije assemblaazjefabryk nei Fryslân.
Lees verder

StreetArt-artysten yn Harns moatte keunst tichter by de minksen bringe
It earste StreetArt Festival fan Harns sette woansdei útein. 'Earste', want de inisjatyfnimmers lykje der no al wis fan dat der in ferfolch komme moat.
Lês mear oer: StreetArt-artysten yn Harns moatte keunst tichter by de minksen bringe.
Lees verder

ChristenUnie hat fragen oer asbestopslach by It Fean
De steatefraksje makket him soargen oer de opslach, omdat de asbest iepen en bleat leit op Ecopark De Wierde.
Lês mear oer: ChristenUnie hat fragen oer asbestopslach by It Fean.
Lees verder

Bobby Zwaagman ljept yn Grypstsjerk nei earste topklasse-winst
De ljepper út Drylts kaam mei syn 19,44 meter krekt wat fierder as Hannes Scherjon. By de froulju wûn Anneke Broersma mei 14,01.
Lês mear oer: Bobby Zwaagman ljept yn Grypstsjerk nei earste topklasse-winst.
Lees verder

Alde jeugdherberg Snits "bûtenkâns" foar Talant
Achtentweintich kliïnten fan Talant wienen woansdei de earste bewenners fan de âlde jeugdherberch oan de Houkesleat.
Lês mear oer: Alde jeugdherberg Snits "bûtenkâns" foar Talant.
Lees verder