zaterdag 22 september 2018

Omrop Fryslân: Kollum: "Fox Sport"

Kollum: "Fox Sport"
"Fuotbal is feroare. Fox Sport makket de tsjinst út. De fans ha dat mar te pikken, want it jild is de baas."
Lês mear oer: Kollum: "Fox Sport".
Lees verder

Lilke kafeeklant 'net foar rede fetber' en mislediget plysjes yn Ljouwert
De plysje hie fia kameratafersjoch sjoen dat de man, in Ljouwerter fan 43 jier âld, it kafee útsetten waard.
Lês mear oer: Lilke kafeeklant 'net foar rede fetber' en mislediget plysjes yn Ljouwert .
Lees verder

Swiere reinbui soarget foar ûngelok op sneldyk by Wolvegea
Der wiene meardere auto's by belutsen. Ien fan de auto's soe yn de slip rekke wêze. De plysje docht ûndersyk.
Lês mear oer: Swiere reinbui soarget foar ûngelok op sneldyk by Wolvegea.
Lees verder

Brân yn ôffaloven Harns
De brânwacht is mei meardere auto's útriden. Neffens in wurdfierder soe it net de earste brân wêze by de REC.
Lês mear oer: Brân yn ôffaloven Harns.
Lees verder

Atletykklup Lionitas kin wer foarút mei nije baan fan heal miljoen
De klup hat de ôfrûne jierren tsientallen leden ferlern. De âlde baan wie ôfkard troch de atletykuny.
Lês mear oer: Atletykklup Lionitas kin wer foarút mei nije baan fan heal miljoen.
Lees verder

Judoka Margriet Bergstra útskeakele op wrâldkampioenskip
De Lemster judoka ferlear yn de klasse oant 57 kilo fan in frou út Sina. Nei ôfrin fan de wedstriid wie se lulk.
Lês mear oer: Judoka Margriet Bergstra útskeakele op wrâldkampioenskip.
Lees verder

Hûnderten belangstellenden betinke geweldsslachtoffers yn Wolvegea
De betinking is jierliks en rouleert troch Nederlân hinne. Dit jier is Fryslân oan bar.
Lês mear oer: Hûnderten belangstellenden betinke geweldsslachtoffers yn Wolvegea.
Lees verder

Komt de spiersykte ALS faker yn Burgum foar as op oare plakken yn it lân?
De twa grutste partijen yn Tytsjerksteradiel wolle in ûndersyk nei de deadlike spiersykte ALS yn de gemeente.
Lês mear oer: Komt de spiersykte ALS faker yn Burgum foar as op oare plakken yn it lân?.
Lees verder

Autocross yn Hallum giet dochs net troch
Freed hie de organisaasje fan de autocross noch hoop dat it drûch bliuwe soe, mar sneontemiddei die bliken dat it waar dochs te min wie.
Lês mear oer: Autocross yn Hallum giet dochs net troch.
Lees verder

Skûtsje slacht om mei Omrop Fryslân-ploech oan board: "Blikstiender, dit komt net goed!"
It IFKS-skûtsje Doeke van Martena koe op de Pikmar in hurde wynpûster net fersjouwe.
Lês mear oer: Skûtsje slacht om mei Omrop Fryslân-ploech oan board: "Blikstiender, dit komt net goed!".
Lees verder