maandag 5 november 2018

FNP: Soargen oer ferplichte asbestsanearing Fryslân

FNP: Soargen oer ferplichte asbestsanearing Fryslân
Fan út de media hat de FNP fernaam dat de Twadde Keamer besluten hat dat alle asbest op dakken yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, per 31 desimber 2024 saneard wêze moat. Der is yn de Twadde Keamer ynstimd mei dit wetsfoarstel. De FNP Steatefraksje hat hjirop skriftlike fragen oan Deputearre Steaten steld.
Lees verder

FNP: mear foech is better foar Fryslân
Ljouwert – De FNP is fan betinken dat Fryslân folle mear sizzenskip krije moat omdat dat in soad foardielen foar de ynwenners fan Fryslân opsmyt. Dat docht bliken út de FNP-takomstfisy `Fryslân sels oan it roer' dy't op 24 oktober presintearre is.
Lees verder

FNP: Kreative oplossingen betinke foar tekoart oan soarchpersoaniel plattelân
De FNP hat kundskip naam fan it berjocht op Omrop Fryslân dat guon soarchynstellings op it plattelân minder maklik oan persoaniel komme kinne. Ut de berjochten docht bliken dat benammen it ferfier fan it wenplak fan mooglike persoanielsleden, dat meastentiids yn de stêden is, nei de de soarchynstellings op it plattelân in knipepunt is.
Lees verder