woensdag 12 december 2018

FNP: fragen oer problemen TopDutch

FNP: fragen oer problemen TopDutch
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de problemen by TopDutch. Oan de iene kant binne der grutte fraachtekens oer de resultaten fan de kampanje en it `ferbaarnen' fan jild. Oan de oare kant fynt de FNP it nuver dat de Steaten noch noait ynformearre binne oer de problemen, wylst dy al moannen spylje. Ek is it sa dat der te let yngrepen is troch de deputearre fan Grinslân, wylst der al yn july troch de bedriuwen glêshurd kommunisearre is dat der wat dien wurde moast.
Lees verder

Faklju yn Fryslân fertsjinje grutte romte
Leare, leare, leare. Sa folle mooglik bern moatte nei de havo of it vwo. Dêrnei troch nei it HBO en de universiteit fansels, oars telle jo net mei. Al dy studinten wurde oplaat foar in kennisberop. Dat is op himsels moai, mar ús maatskippij ferjit wat: de minsken dy't wat kinne mei de hannen en in fak leare.
Lees verder

FNP: skriftlike fragen oer nijbou De Warren Burgum
De FNP-Steatefraksje hat hjoed skriftlike fragen yntsjinne oer de bouplannen fan 300 wenten yn Burgum-West, ek wol `de Warren' neamd. It docht bliken dat der wjerstân is by omwenjenden tsjin de bou oan `de Warren'. Omdat der noch ynwreidingsmooglikheden binne yn Burgum en oare doarpen fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat de FNP-Steatefraksje hjir grutte muoite mei.
Lees verder