dinsdag 21 mei 2019

Europeeske ferkiezings en de FNP (bywurke)

Europeeske ferkiezings en de FNP (bywurke)
Fan 23 oant en mei 26 maaie (yn Nederlân op de 23e) binne de Europeeske ferkiezings. By de FNP komme lykas alle kearen by dy ferkiezings in soad fragen binnen wêr't minsken op stimme moatte. Want de FNP docht sels net mei. Want binne der wol alternativen?
Lees verder

Fraachtekens by ferkeap provinsjaal terrein hûneklup De Tynje
De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de ferkeap fan it oefenterrein fan twa hûnesportklups op `e Tynje. It giet om grûn fan de provinsje dy`t fersmoarge wêze soe. De FNP wol witte oft de provinsje de grûn samar as lânbougrûn ferkeapje kin. En wat docht it Kolleezje fan DS om de ferienings as langjierrich gebrûkers temjitte te kommen?
Lees verder

FNP: opheldering oer efterbliuwen Europeeske subsydzjes (bywurke)
De FNP-Steatefraksje freget oandacht foar it efterbliuwen fan Europeeske subsydzjes foar Fryslân. Kommende woansdei sil de partij dêr yn de Steaten fan Fryslân in moasje oer yntsjinje. De FNP wol dat in goede analyze makke wurdt wat der oan de hân is. Oan de hân fan de oarsaken kin dan wurke wurde oan ferbettering en mear jild foar Fryslân út `Brussel'.
Lees verder