dinsdag 16 juli 2019

FNP fragen oer puntetelling en finânsjes Waadfûns

FNP fragen oer puntetelling en finânsjes Waadfûns
De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer subsydzjes fan it Waadfûns. De proseduere mei de puntetelling is foar oanfregers hielendal net transparant. Ek bliuwt der noch hieltyd in soad jild net brûkt op de planke lizzen.
Lees verder

Fragen yn Steaten oer mooglike komst sinneparken Iselmar
De FNP stelt mûnlinge fragen oer de mooglike komst fan sinneparken op de Iselmar yn provinsjale Steaten op 10 juny. Oanlieding is de petysje út de regio dy't oan de Steaten oanbean wurdt. De FNP wol it lânskip fan de Fryske Iselmarkust hoedzje en is dêrom tsjin in eventuele grutskalige ûntwikkeling mei sinneparken yn dit gebiet.
Lees verder

Fragen oer bestriding skealike Jabikskrúswoartel (Jacobskruiskruid)
De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer de bestriding fan de Jabikskrúswoartel (Sint Jacobskruiskruid) en Stikels (Distel). Oanlieding binne sinjalen dat de fersprieding fan de skealike planten út provinsjale bermen wei wer hieltyd mear tanimt. It Jabikskrûd is giftich foar melkfee en hynders.
Lees verder