maandag 30 september 2019

Tydlike húsfesting seizoenarbeiders yn provinsjale Omjouwingsfisy

Tydlike húsfesting seizoenarbeiders yn provinsjale Omjouwingsfisy
De FNP hat mei twa grutte tekst wizigingen de provinsjale Untwerp-Omjouwingsfisy oanpast op it mêd fan de wentebou. Der komt romte foar de húsfesting fan seizoenarbeiders en nijbou krijt aanst by foarkar in plak binnen de besteande beboude kommen. De amendeminten fan wurdfierder Sijbe Knol krigen yn de Steaten romme stipe.
Lees verder

FNP: aksje fan Provinsje yn De Haach tsjin ferhierdersheffing
De FNP wol dat de provinsje aksje ûndernimt tsjin de ferhierdersheffing. Oanlieding binne alarmearjende berjochten fan wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland. Troch de stiging fan de ferhierdersheffing kinne sy 500 wennings net ferduorsumje en 120 wennings net ferfange. Boppedat binne de kosten foar de hierders de ôfrûne jierren al enoarm omheech gien.
Lees verder

FNP wol dat de rotonde by Marsum gau ferbettere wurdt
FNP wol dúdlikheid en aksje oangeande de rotonde by Marsum-West. Dy rotonde is net berekkene op al it ferkear dat deis fan Noardwest Fryslân nei de Heak om Ljouwert en werom rydt. Nei de iepening fan de Middelseewei (N398) is it op de Westergoawei (N383) in stik drokker wurden. Dit laat ta ferkearsopstoppings en gefaarlike situaasjes, ek foar fytsers dy't hjir oerstekke moatte. Om dat te ferhelpen soe yn 2019 de rotonde oanpast wurde en soe der in fytstunnel komme.
Lees verder