vrijdag 11 oktober 2019

FNP komt mei tsjinútstel ferkiezing Earste Keamer

FNP komt mei tsjinútstel ferkiezing Earste Keamer
De steatefraksje fan de FNP komt mei in tsjinútstel foar de ferkiezing foar de Earste Keamer, omdat it kabinetsútstel ta in ferdwinen fan lytse partijen út de Senaat liede sil. It kabinet wol mei in wiziging fan de Grûnwet derfoar soargje dat de der minder gau abrupte wizigings yn de gearstalling fan de Earste Keamer komme en dat de provinsjale ferkiezingen net langer yn it skaad set wurdt troch lanlike tema's.
Lees verder

FNP: garânsjes foar takomst Fryske Akademy
De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Fokkens oer de aktuele posysje fan de Fryske Akademy (FA). Neffens eigen sizzen hat de Keninklike Akademy fan Wittenskippen (KNAW) feitlik al ôfskied nommen fan de Akademy as ferbûn ynstitút. De FNP wol garânsjes dat in nije posysje yn it wittenskipsbestel net ten koste giet fan de FA. De ferbining mei de KNAW wie dêr altyd hiel wichtich by.
Lees verder

FNP: In Fryske oanpak foar de PAS
De FNP wol dat de problematyk mei de PAS troch de regio sels oppakt wurdt en net fia in Haachsk diktaat. Dat hâldt neffens de FNP yn dat wy mei alle belutsen partijen yn de regio sels en fan ûnderen op de problemen oplosse wolle. Wy binne yn de regio prima sels by steat om ta passende oplossings te kommen.
Lees verder