zondag 6 oktober 2019

Omrop Fryslân: Primeur foar Nyck de Vries yn Japan

Primeur foar Nyck de Vries yn Japan
By de Seis Oeren fan Fuji kaam De Vries mei Racing Team Nederland as earste oer de streek yn de LMP2-klasse fan it 'WK endurance'.
Lês mear oer: Primeur foar Nyck de Vries yn Japan.
Lees verder

Gjin sukses mountainbikester Tauber yn testwedstriid op olympysk parkoers
De Oranjewâldster waard achttjinde, op in lytse sân minuten fan winner Jolanda Neff út Switserlân.
Lês mear oer: Gjin sukses mountainbikester Tauber yn testwedstriid op olympysk parkoers.
Lees verder

LDODK ferrassend ûnderút yn lêste fjildwedstriid fan it jier
Blau-Wyt Amsterdam wie mei 15-13 te sterk. Troch it ferlies sakket LDODK nei it tredde plak yn de Eareklasse A.
Lês mear oer: LDODK ferrassend ûnderút yn lêste fjildwedstriid fan it jier.
Lees verder

Boeren komme op 16 oktober mei nije aksje
Details binne noch net bekend. By de nije aksje soene twa kear safolle trekkers belutsen wêze as by de aksje op 1 oktober.
Lês mear oer: Boeren komme op 16 oktober mei nije aksje.
Lees verder

Boatsje yn de problemen op Sleattemer Mar
It patrûljeskip fan de skipfeartynspeksje holp de twa froulju, dy't it boatsje net mear oerein krigen.
Lês mear oer: Boatsje yn de problemen op Sleattemer Mar.
Lees verder

Opskuor om dvd Rommy: opbringsten binne foar grêf, mar famylje is net ynljochte
Op de promoasjeposter stiet dat de opbringsten nei Rommy syn grêf geane, mar de famylje fan Rommy is dêr net oer ynljochte.
Lês mear oer: Opskuor om dvd Rommy: opbringsten binne foar grêf, mar famylje is net ynljochte.
Lees verder

Harmen Brouwer nije skipper skûtsje Langwar
Hy folget Jaap Zwaga op. Dy wie sûnt 2017 skipper fan Langwar, mar waard dit jier nei ôffallende resultaten fuortstjoerd.
Lês mear oer: Harmen Brouwer nije skipper skûtsje Langwar.
Lees verder