woensdag 15 januari 2020

FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten

FNP: software Akademy benutte foar ûndertiteling riedsgearkomsten
Kin de besteande software foar spraakwerkenning fan de Fryske Akademy ek brûkt wurde foar de Fryske ûndertiteling fan riedsgearkomsten? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes. De partij wiist op it jild dat foar sokke nije tapassingen klear leit. De FNP wol foarkomme dat der in rommelige situaasje ûntstiet as gemeenten allegear mei ferskillende eigen oplossingen komme.
Lees verder

FNP Nijjiersgearsit 2020 Hallum Noardeast-Fryslân
Romte foar it rânelân, nije kânsen & nije útdagings, workshops oer sûne grûn, duorsume enerzjy en it sosjaal domein; it kaam allegearre oan `e oarder op de FNP nijjiersgearsit yn Hallum op 4 jannewaris 2020. Tige goed organisearre troch de ôfdieling Noardeast-Fryslân.
Lees verder

FNP stelt fragen oer studintetal RUG Campus Fryslân
Hoe wol de Provinsje omgean mei de fiks legere studintetallen fan de nije RUG Campus Fryslân? It binne der no 197 wylst it der 630 wêze moasten. Moat, nei oanlieding fan de nei ûnderen bystelde ferwachtings en ambysjes fan de direkteur bedriuwsfiering fan de Campus, dat ek konsekwinsjes hawwe foar de finansiering mei € 17,83 mln troch de Provinsje? De FNP stelt der skriftlike fragen oer.
Lees verder