maandag 24 februari 2020

Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF

Aksjes tsjin leechfleanrûte JSF
Nei berjochten oer it weriepenjen fan de leechfleanrûte oer noard en east Nederlân is grutte ûnrêst ûntstien. Tal fan doarpsbelangen, belangeferienings en ynwenners binne yn protest kaam tsjin it foarnimmen Definsje om op `e nij treningsflechten út te fieren op in hichte op in hichte fan mar 75 meter boppe de grûn.
Lees verder

FNP en ChristenUnie: ferbetterje ferkearsfeiligens St. Anne
De FNP en ChristenUnie wolle dat de gemeente en provinsje yn aksje komme om de ferkearsfeiligens yn St. Anne te ferbetterjen. St. Anne is it grutste plak fan It Bilt en hat in wichtige sintrumfunksje. Omdat midden yn St. Anne twa provinsjale diken inoar kruse, komt der in soad ferkear troch it doarp. Dat lied ta gefaarlike situaasjes foar fytsers en fuotgongers.
Lees verder

FNP wol legere kosten NOM
De FNP is kritysk oer de grutte finansjele ferliezen by de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM). In yngreep kin net wachtsje. De FNP komt dêrom mei in moasje om de kosten nei ûnderen te bringen.
Lees verder