dinsdag 26 mei 2020

Krityk FNP op wei hâlden studinten út it iepenbier ferfier

Krityk FNP op wei hâlden studinten út it iepenbier ferfier
De FNP hat stevige krityk op de ôfspraken dy't Steatssekretaris Van Veldhoven makke hat mei de ûnderwiissektor. Skoalbern en studinten yn it middelber en heger ûnderwiis moatte aanst sa min mooglik gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier, en alhiel net yn de spits. No't de skoallen yn de kommende perioade hieltyd mear wer opstarte, soenen studinten allinne mar tusken alve oere moarns en trije oere middeis mei it iepenbier ferfier reizgje meie. De FNP is fan betinken dat dêrmei folslein foarby gien wurdt oan de situaasje yn Fryslân en pleit foar in regionale oanpak.
Lees verder

Krityk regionale partijen op OV-plannen regearing: kinne studinten aanst noch wol op skoalle komme?
De Steatefraksjes fan de FNP, Groninger Belang, Sterk Lokaal Drenthe, Lokaal Limburg en Provinsjaal Belang Fryslân hawwe in brief oan de Twadde Keamer stjoerd, wêryn't se omtinken freegje foar de negative konsekwinsjes fan de foarnommen maatregels om it iepenbier ferfier wer op te starten, foar benammen skoalbern en studinten bûten de Rânestêd.
Lees verder

FNP wol `slank` Europabelied
De FNP bliuwt kritysk op de hieltyd oprinnende kosten fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). Dy geane mei likernôch 10% jierliks de begrutte ynflaasje fier te boppe. De partij wol lykas de deputearre ta op in `slanke` útfierings-organisaasje en komt dêrom mei moasjes yn de Steaten om de kosten te behearskjen.
Lees verder