dinsdag 23 juni 2020

FNP: goede farferbining Ofslútdyk-Harns

FNP: goede farferbining Ofslútdyk-Harns
De FNP komt moarn yn de Steaten fan Fryslân mei in moasje om ek yn de takomst in goede farferbing te hâlden tusken de Ofslútdyk en de haven fan Harns. Oanlieding binne krityske lûden fan ûndernimmers út Harns yn ferbân mei de plannen foar de ferbreding fan de sluzen fan Koarnwertersân. Dy wolle dat de farwei oer `De Boontjes` foldwaande djipgong hâldt, sadat de haven fan Harns berikber bliuwt.
Lees verder

FNP stelt fragen oer it behâld fan beamwâlen yn Fryslân
Ut de jierrapportaazje oer 2019 oer it tafersjoch fan de natuerwetten blykt dat der hieltyd mear yllegale kap konstatearre wurdt. De FNP makket him al langere tiid soargen oer it behâld fan it Fryske lânskip en freget it kolleezje fan Deputearre Steaten dêrom om mear ynformaasje oer de hanthavening en it tafersjoch op de legale en yllegale houtkap.
Lees verder

FNP: bettere beskerming greidefûgelpykjes en reekealtsjes troch de ynset fan drones
De FNP komt dizze wike mei in moasje om mear drones yn te setten foar de beskerming fan de greidefûgels yn Fryslân. Ut in proef troch fûgelwachters fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten docht bliken dat it gebrûk fan drones hiel effektyf is om nêsten fan greidefûgels te finen. Dêrmei kinne de pykjes better beskerme wurde. Boeren kinne sa ommers by it meanen of bewurkjen rekken hâlde mei de bisten op harren lân. Drones kinne ek ynset wurde foar it natuerbehear en tafersjoch yn oare gebieten yn Fryslân.
Lees verder