maandag 8 juni 2020

Moasje stikstofbelied: FNP, CDA en VVD wolle regy provinsje en ynset op ynnovaasje en ferduorsuming

Moasje stikstofbelied: FNP, CDA en VVD wolle regy provinsje en ynset op ynnovaasje en ferduorsuming
Op inisjatyf fan de FNP, CDA en VVD sille de Steaten fan Fryslân har woansdei útsprekke oer it belied fan de oerheid om de stikstofproblematyk op te lossen. Omdat sawol de natuer, as ek de agraryske sektor en oare bedriuwen fan grut belang binne foar de leefberens fan Fryslân, wolle de partijen dat de provinsje in sterke regyrol krijt en dat der ynset wurdt op ynnovaasje en ferduorsuming fan de lânbousektor yn Fryslân.
Lees verder

Iepenbiere expertmoeting Thialf op 3 juny
Op oanstean fan de steatefraksjes fan 50Plus, FNP en PvdA is der op 3 juny in saneamde expertmoeting oer Thialf. De gearkomste is iepenbier en wurdt live útstjoerd fia it kanaal fan Provinsjale Steaten op https://fryslan.notubiz.nl/dashboard . De livestream begjint om 11:00 oere.
Lees verder

Iepen brief fraksjes FNP en Groninger Belang oan de kolleezjes fan Deputearre Steaten fan de provinsjes Fryslân en Grinslân
Lees verder