zondag 30 augustus 2020

FNP: eigen regels skealike planten útfiere

FNP: eigen regels skealike planten útfiere
De FNP stelt op `e nij fragen oer it neilibjen fan de twa provinsjale feroarderingen oer de bestriding fan skealike planten. De planten binne in gefaar foar melkfee en hynders, benammen as de Jabikskrúswoartel of stikels yn hea of kuil bedarje. Dêrom is der regeljouwing dy't foarskriuwt dat eigners fan perselen dy planten fuort helje moatte. De FNP konstatearret dat de eigen provinsjale regels net útfierd wurde en freget aksje.
Lees verder

FNP: buertbus moat gau de dyk wer op
De FNP fynt dat de brûkers fan de buertbus yn Fryslân gau wer de mooglikheid hawwe moatte mei it iepenbier ferfier te reizgjen. Neffens berjochten yn de media fan dit wykein kin de feiligens yn de lytse achtpersoans buertbuskes net garandearre wurde, sa blykt út ûndersyk fan TNO. In oplossing wurdt net foar oktober ferwachte, en dêrom wol de FNP dat der alternativen komme foar de reizgers dy't fan de Fryske buertbuslijnen gebrûk meitsje.
Lees verder

Sijbe Knol nije foarsitter Steatefraksje FNP
De fraksje fan de FNP yn provinsjale steaten hat Sijbe Knol keazen as nije fraksjefoarsitter. Corlienke de Jong docht, nei hast seis jier fraksjefoarsitterskip fan de FNP, in stap tebek.
Lees verder