maandag 21 september 2020

Reaksje FNP op `Prinsjesdei`

FNP
Reaksje FNP op `Prinsjesdei`
De FNP is kritysk op de finansjele útstellen dy`t troch it regear dien binne by de `Miljoenenota`. Yn it foarste plak fynt de FNP it teloarstellend dat der noch hieltyd gjin oplossing is foar de grutte gemeentlike tekoarten. Dêr moat no hurd feroaring yn komme. Twad trunet de FNP opnij oan op folsleine ôfskaffing fan de ferhierdersheffing. De hierferleging dy`t foarsteld wurdt is in segaar út eigen doaze. As lêste is it ekstra jild foar kultuer yn de regio in suertsje by de boadskippen. €2 miljoen foar 6 provinsjes is in hiel lyts bedrach.
Lees verder

FNP: Fryslân moat him oanslute by wolvenkommisje Drinte
De FNP wol dat Fryslân him oanslút by de Drintske wolvenkommisje. Dy kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan skieppehâlders, lânbou- en natuerorganisaasjes en wurket folop oan maatregels om fee te beskermjen tsjin oanfallen fan de wolf.
Lees verder

Ofskied Corlienke de Jong fan Provinsjale Steaten (bywurke)
Corlienke de Jong hat op 16 septimber ôfskied nommen fan de Steaten fan Fryslân. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spruts har by dizze gelegenheid mei waarme wurden ta. De Jong wie sûnt 2015 Steatelid en fraksjefoarsitter.
Lees verder