maandag 14 september 2020

Skriftlike fragen FNP oer `Wereldreiscampagne` Merk Fryslân

FNP
Skriftlike fragen FNP oer `Wereldreiscampagne` Merk Fryslân
De FNP is min te sprekken dat der gjin wurd Frysk brûkt wurdt yn de nijste toerismekampanje fan Merk Fryslân. Dy is rjochte op it eigen Fryske publyk, om yn Coronatiid yn eigen lân op stap te gean. De partij neamt it in `miste kâns` foar mear sichtber Frysk yn de publike romte. It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat skriftlike fragen krigen oer de kwestje.
Lees verder

Brede soargen yn Steaten oer kommunikaasje Drents-Friese Wold
De fraksjes fan FNP, CDA, ChristenUnie, GrienLinks, PvdA, SP en VVD stelle mei-inoar fragen oan it Kolleezje oer de kommunikaasje mei de ferskate brûkersgroepen yn en om it Drints-Fryske Wâld (DFW). Neffens de partijen sit him dêr de oast as it giet om de ûntstiene ûnrêst by de bedriuwen en rekreative organisaasjes yn en om it gebiet by Appelskea.
Lees verder

FNP: lanlike kultuerjilden tenei fia de regio ferdiele
Ferdiel de lanlike jilden foar kultuer tenei fia de regio. Dêr pleitet de FNP foar mei in moasje yn de kommende Steategearkomste. De partij wol mei in nij ferdielsysteem in earliker en solidêre ferdieling oer it hiele lân berikke. It measte jild strykt yn Amsterdam del. Guon regio`s krije no hielendal neat.
Lees verder