Doorgaan naar hoofdcontent

Bloch: Bou nije wennings yn elk doarp (bywurke)

FNP
Bloch: Bou nije wennings yn elk doarp (bywurke)
Der is op it stuit in ûntwikkeling geande dy't gjin prognoase foarsjoen hie. No noch op in beskieden skaal, is der in trek fan minsken út oare plakken fan it lân geande. Troch koroana en it thúswurkjen yn kombinaasje mei de romte, rêst en ús wize fan libjen, binne der mear minsken dy't it oansprekt om yn Fryslân wenjen te gean. Neffens de lêste sifers fan `e makelders fan de NVM docht bliken dat yn Fryslân de huzeprizen tsjinoer ferline jier tusken 11-20% omheech flein binne, it oantal ferkochte huzen mei 6-20% en dat op dit stuit 8% fan de wennings ferkocht wurdt oan minsken út it westen. Ek in saneamde krimpregio as noardeast Fryslân dy't jierrenlang de put yn praat is, lit plussen fan 17% (priis) en 19% (oantal) sjen. It noflike wenjen yn Fryslân en oare regio's is ûntdutsen en dêr moat op ynsprongen wurde.
Lees verder

Thom Feddema beëdige as nij kommisjelid FNP
Thom Feddema is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar de FNP. As kommisjelid mei Feddema meidwaan oan it debat yn de Steatekommisjes. Ek kin hy út namme fan de fraksje lid wêze fan Steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk. FNP-er Thom Feddema is 56 jier ald en komt út Raard (Noardeast-Fryslân).
Lees verder

FNP: `Noardlik` ferkiezingsdebat oer regionale ûnderwerpen (bywurke)
In noardlik ferkiezingsdebat foar de Twadde Keamerferkiezings yn maart moat gean oer regionale ûnderwerpen. Ornaris komt dêr net folle fan op `e hispel. De FNP stjoert der mei fragen fan `e wike yn de Fryske Steaten op oan dat it ditkear better gean sil.
Lees verder