Doorgaan naar hoofdcontent

Rein van der Wal nij Steatelid foar de FNP (bywurke)

FNP
Rein van der Wal nij Steatelid foar de FNP (bywurke)
Yn de gearkomste fan 16 septimber hat Rein van der Wal út It Surhústerfean de eed ôflein as nij Steatelid foar de FNP. Hy komt yn de steatebankjes nei`t Corlienke de Jong ophâlde mei de polityk.
Lees verder

Europe direct-fêstiging nei Fryslân ta helje
De FNP wol dat Fryslân wer in Europe Direct fêstiging krijt. Dat is in frij tagonklik ynformaasjepunt dêr`t ynwenners, oerheden, bedriuwen en ynstellings kennis oer Europa krije kinne. Sa`n ynformaasjepunt kin neffens de FNP helpe by de ambysjes fan de provinsje om € 130 miljoen subsydzje út Brussel te heljen.
Lees verder

Europeeske struktuerfûnsen foar regionale ûntwikkeling hâlde
Op de jierlikse EFA-konferinsje fan regionale partijen yn Europa okkerdeis binne twa moasjes fan de FNP unanym oannommen. De iene moasje pleitet foar mear regionale ynbring yn de saneamde `Conference on the Future of Europe`. Mei de oare moasje wol de FNP berikke dat nij Europeesk jild foar in sosjaal akseptabele enerzjytransysje net ten koste giet fan besteande middels foar regionale ûntwikkeling, mar dat it oanfoljend is. Fryslân hat altyd in soad profyt hân fan dizze EFRO-jilden.
Lees verder