Doorgaan naar hoofdcontent

FNP: Regelje it Frysk yn de heechste wet

FNP
FNP: Regelje it Frysk yn de heechste wet
No't der begjin oar jier wer ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne, komme guon partijen op `e nij mei it foarstel om it Frysk yn de Grûnwet te ferankerjen. De FNP fynt it tige spitich dat de hjoeddeiske regearing fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie twa jier lyn in soartgelikens foarstel ynlutsen hat. De partij komt dêrom mei de oprop oan it provinsjebestjoer om oan te slach te gean mei it foarstel om de posysje fan it Frysk te regeljen yn it Statút foar it Keninkryk. It Statút is de heechste wet fan ús lân, stiet boppe de Nederlânske Grûnwet en is makliker oan te passen as de Grûnwet.
Lees verder

Mear wurk meitsje fan sichtberens Frysk
De FNP wol dat de Provinsje Fryslân de Fryske gemeenten, it Wetterskip, supermerken, ynstellings en bedriuwen mear aktyf ynformearret en stimulearret om it Frysk sichtber te meitsjen. Ut in nij rapport `Frysk yn de Ekonomy` docht bliken dat der genôch ferlet is. De partij tsjinnet dêr in moasje oer yn by de provinsjale Begrutting foar kommend jier.
Lees verder

Fragen FNP oer útklaaien akute soarch yn Fryslân
De FNP hat noed oer de plannen fan it Ryk mei de driuwende soarch yn Nederlân. Mei it mooglik útklaaien fan de saneamde `acute zorg`, konsintraasje en opskaling kin dat in negative ynfloed hawwe op de berikberens fan de soarch en dêrmei de leefberens yn de regio. De partij hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.
Lees verder