dinsdag 24 november 2020

Fryslân fertsjinnet better (bywurke)

FNP
Fryslân fertsjinnet better (bywurke)
`Denk jij ook dat Land in Friesland aan het einde van de wereld ligt? Of je er misschien bijna vanaf valt? Dat je minstens een dag moet uittrekken voor de reis en zeker niet op reis moet zonder een flinke koelbox en thermoskan?' En `Wij hebben de naam stug te zijn en onze eigen taal te praten.' Mei dizze teksten besiket de stifting Regio Marketing en Toerisme (RMT) yn de regio `'Noordoost-Friesland'' de toerist nei it gebied te heljen. Besteande foaroardielen en stereotipen wurde noch mear oandikke. Want sa sei de regiomarketeer ôfrûne tongersdei tsjin Omrop Fryslân: `In goede eigenschap fan de Friezen is de selsspot, en as de minsken hjir dan komme dan falt it se erg ta.'
Lees verder

Opiny: Bêste Rânestêd-ynwenner, bliuw fan ús karbyd ôf
Oersetting út de twadde Rykstaal fan in iepen brief oan de ynwenners fan de Rânestêd en de boargemasters fan Amsterdam, De Haach en Rotterdam
Lees verder

Opiny: Biedt perspektyf
`Der sil in griene Sicco komme moatte` sa kopte de Ljouwerter Krante op 26 jannewaris 2019. Oan it wurd wie de listlûker fan de FNP, dy't ferwiisde nei Sicco Mansholt, de minister en Eurokommissaris ferantwurdlik foar de skaalfergrutting yn de lânbou. It fertsjinmodel fan de gongbere lânbou rint ekonomysk én ekologysk op syn ein en de hoepels dêr't de boeren trochhinne springe moatte (wetjouwing en regeldruk) binne troch de jierren hieltyd heger komme te lizzen. In healjier nei de Steateferkiezingen gie de lont al yn it krûdfet. It sneuveljen fan de PAS en de stikstof-diskusje soargen derfoar dat De Haach folstreamde mei trekkers en dat der drokte wie by de provinsjehuzen. De hoepels kamen wer heger te lizzen.
Lees verder