De evaluaasje fan Top Dutch krijt ek yn de Fryske Steaten noch in polityk sturtsje. De fraksjes fan FNP, PvdA en GrienLinks stelle meiinoar skriftlike fragen oer it útbliuwen fan oantoanber resultaat en it trochsetten fan dizze ekonomyske marketingkampanje fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. |