Doorgaan naar hoofdcontent

Gjin aksje FNP rûnom karbydsjitten dit jier (bywurke)

FNP
Gjin aksje FNP rûnom karbydsjitten dit jier (bywurke)
Nei oanlieding fan fragen fan ûnder oare de Feilichheidsregio Fryslân makket de FNP nochris bekend dat de partij moarn, op âldjiersdei gjin aksjes rûnom it karbydsjitten hâlde sil.
Lees verder

PvdA en FNP: Wês sunich op ús lânskip!
De fraksjes fan de FNP en de PvdA yn de Steaten hawwe grutte soarch oer de nije beliedsregel dy't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke op 15 desimber 2020 fêststeld hat. It giet om de karakteristike kwelderwâlen, terpen en bolle perselen dy't yn it omjouwingsbelied strikt beskerme binne. Foar in part fan dy gebieten sil in minder strikte beskerming tapast wurde.
Lees verder

FNP Fryslân ropt inisjatyfnimmers wolvestek op ta realiteitssin
De provinsjale fraksje fan de Fryske Nasjonale Partij hat kennis naam fan it inisjatyf fan de stifting Wolvenhek Fryslân. Mei dat inisjatyf wol de stifting it fêstigjen fan de wolf yn Fryslân te foaren komme mei in stek fan it Iselmar oant Lauwerseach ta.
Lees verder