Doorgaan naar hoofdcontent

Lanlike Koroana-regelingen MKB slute net oan op Fryske situaasje

FNP
Lanlike Koroana-regelingen MKB slute net oan op Fryske situaasje
Lanlike Koroana-stipe slút net altyd goed oan by de situaasje fan it Fryske MKB. Dat konstatearret de FNP op basis fan in eigen ynventarisaasje ûnder in grut tal bedriuwen yn de regio. De Steatefraksje freget oan it provinsjebestjoer (DS) om by Kabinet en Keamer oan te trúnjen op ferbetteringen.
Lees verder

Opiny: De Rânestêd is fallyt, de regio lonket
De ballon fan de Rânestêd driget te knappen. Stêden binne grôtfol, huzeprizen himelheech. Stress spilet de minske parten en romte is krap. Technyk en digitalisearring binne yntusken sa fier dat yn de Rânestêd wenje net mear nedich is om dochs profitearje te kinnen fan de troch de jierren hinne opboude klustering fan kennis, tsjinsten en yndustry. It belang fan ôfstannen is mear as ea marzjinaal wurden. Histoaryske feroarings yn fêstigingspatroanen wurde faker as iens feroarsake troch bittere needsaak, sa no ek.
Lees verder

#Seedyksesje 3. In goed petear mar oare opfettings. Yn petear mei BBB
Lykas koartlyn al oankundige giet de FNP de kommende tiid yn petear mei oare partijen en kandidaten. Net om in foarkar út te sprekken, mar om Fryske saken op de aginda te krijen. Yn petear foar Fryslân! De saneamde Seedyksesjes fine plak midden op `e romte. De romte om ús hinne dêr't Fryslân sa om wurdearre wurdt mar ek de romte dy't hieltyd mear ûnderdiel wurdt fan in striid. Wentebou, enerzjytransysje; der wurdt op ús romte loerd.
Lees verder