Doorgaan naar hoofdcontent

FNP: Trochpakke mei akwatermy yn Fryslân! (bywurke)

FNP
FNP: Trochpakke mei akwatermy yn Fryslân! (bywurke)
De FNP Steatefraksje stelt skriftlike fragen oer de ûntwikkeling fan akwatermy en is fan betinken dat it goed wêze as der in pilot komt wêryn't nei ferskillende situaasjes sjoen wurdt. Ut ferskate stúdzjes hat bliken dien dat akwatermy in folle hegere potinsje hat as earder tocht waard. Dêrom kin de technyk in wichtige bydrage oan de duorsume enerzjymiks yn Fryslân leverje, sa is te lêzen yn de Tuskenbalâns fan de Provinsje.
Lees verder

FNP: dúdlikens oer Deltaplan voor het Noorden
De FNP wol dat der mear dúdlikens komt foar Provinsjale Steaten oer it saneamde Deltaplan voor het Noorden. De konsekwinsjes fan dat Deltaplan mei de Lelylijn en mooglik 100.000 nije wenningen binne neffens de partij sa grut foar Fryslân dat Provinsjale Steaten der sûnder mis goed oer ynformearre wurde moatte, foardat ûnomkearbere stappen set wurde.
Lees verder

FNP: Grutte fragen by beëinigjen ymmuniteit Katalaanske EP-leden
De Steatefraksje fan de FNP hat grutte fragen by it beslút fan it Europeesk Parlemint om de ymmuniteit fan trije Katalaanske parlemintsleden op te heffen. De wize wêrop in mearderheid fan de Europarlemintariërs trije fan harren kollega's foar de liuwen smyt en kritykleas meigiet yn it fersyk fan de Spaanske justysje, stiet heaksk op hoe't it Europeesk parlemint regelmjittich syn tosken sjen lit as der bûten de EU minskerjochten skeind wurde.
Lees verder