Doorgaan naar hoofdcontent

Partijen kritysk oer kosten ferbûne partijen

FNP
Partijen kritysk oer kosten ferbûne partijen
De fraksjes fan FNP, GrienLinks en 50PLUS yn Provinsje Steaten fan Fryslân (PS) wolle mear ynsjoch yn de koste-ûntwikkelings fan de ferbûne partijen en mienskiplike regelingen. Dat stelle se foar yn in suggestje oan de Noardlike Rekkenkeamer. It giet om organisaasjes dêr't alle jierren in finansjele bydrage oan betelle wurde moat. De partijen wolle mear ynsjoch om't de kosten de lêste jierren bot tanaam binne, wylst de finansjele posysje fan de provinsje minder wurdt.
Lees verder

FNP slim fernuvere oer plannen enerzjylânskip Waadhoeke
De FNP Steatefraksje is slim fernuvere oer plannen fan de gemeente Waadhoeke om by Seisbierrum in grutskalich `enerzjylânskip' fan 800 hektare oan te lizzen en dêr konsintrearre alle enerzjy opwekke te wollen om yn 2040 as gemeente enerzjyneutraal te wêzen. De plannen geane streekrjocht yn tsjin it romtlik belied dat de provinsje noch gjin jier lyn fêstlein hat foar sinneparken en wynmûnen.
Lees verder

FNP, CDA, PvdA en VVD: Bouwe blinder!
Der is op 't heden in grutte fraach nei wenromte. Mei de krapte fleane de prizen omheech, net allinne yn 'e stêd, ek op 'e doarpen. De keapers komme foar in part út ús eigen provinsje of út oare parten fan Nederlân. In oar part fan 'e keapers bestiet út minsken mei jild dy't dat graach belizze yn wenningen, dy't dêrnei ferhierd wurde of brûkt wurde as rekreaasjewente.
Lees verder