Doorgaan naar hoofdcontent

Petysje tsjin nije gaswinning Tytsjerksteradiel online

FNP
Petysje tsjin nije gaswinning Tytsjerksteradiel online
De fraksjes fan FNP, PvdA, GrienLinks, SP, PvdD, 50Plus en D66 yn Provinsjale Steaten hawwe in petysje online set tsjin nije gaswinning yn Tytsjerksteradiel en oanswettende gemeenten. De partijen roppe eltsenien op om massaal de petysje te ûndertekenjen. Doel is en gean mei de hantekeningen nei De Haach en meitsje de lannelike polityk dúdlik dat de regio gjin nije gaswinning út de lytse fjilden mear akseptearret.
Lees verder

Hâld Fryslân berikber (bywurke)
`Hâld Fryslân berikber', me dy oprop stelle de FNP, ChristenUnie, Partij van de Arbeid, CDA en GrienLinks skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Op 30 maart binne de Steatefraksjes op de hichte brocht fan it transysjeplan iepenbier ferfier. Dat plan is opsteld op fersyk fan de Ryksoerheid, en yn it plan wurdt in tal senario's sketst foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. De Steateleden freegje nei it perspektyf foar de reizger foar't de besunigings trochfierd wurde.
Lees verder

Sybren Posthumus (FNP) ferlit aktive polityk
Steatelid Sybren Posthumus fan de FNP hâldt nei mear as tsien jier op as lid fan de Fryske Steaten. In tal nije útdagings binne op syn paad kaam. Gerben van der Mei fan Tsjommearum folget Posthumus op as Steatelid foar de FNP. De wikseling fan de wacht fynt plak yn de Steategearkomste fan 21 april.
Lees verder