Alles dat bart | Omrop Fryslân kriget in nije radioprogrammearring en dêr heart ek in nije gjalp by. Nei Alle dagen nij en Ofstimd op dy! is no keazen foar Alles wat der spilet. De âlde perfester Buma, altyd it reade poatlead yn 'e oanslach, soe de betinkers der fuort op wiisd ha dat it in hollanisme is: yn it Frysk is it net alles wat, mar alles dat. Ik haw foar de wissichheid de digitale Fryske Oersethelp rieplachte, want it soe samar kinne dat it hollanisme allang tastien is, mar wrachjes nee: it wurdt moai suver oerset mei Alles dat bart. | Lees verder | |