Doorgaan naar hoofdcontent

Eben Haëzerskoalle yn Dokkum is winner wurden fan de FNP-reintonne-aksje

FNP
Eben Haëzerskoalle yn Dokkum is winner wurden fan de FNP-reintonne-aksje
FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol hat juster in reintonne oerhandige oan Rixte Zijlstra fan de Eben Haëzerskoalle yn Dokkum. De skoalle wie de lokkige winner fan in aksje op de sosjale media. De skoalle hat krekt nije túntsjes oanlein en kin de tonne goed brûke. Mei de reintonne hawwe de skoalbern aanst genôch wetter foar de plantsjes.
Lees verder

Noardeastfryslân: Wethâlder de Graaf leit it wurk definityf del (bywurke)
FNP Wethâlder Pytsje de Graaf leit per 1 septimber 2021 har wurk foargoed del. Ein maart is se troffen troch in beroerte en alhoewol`t it herstel him al aardich gau ynsette duorret it fierdere herstel langer as tocht. De lêste 4 moannen waard sy al ferfongen troch Fedde Breeuwsma. Om`t oan dy perioade in ein komt hat wethâlder de Graaf besletten om per 1 septimber har ûntslach yn te tsjinjen. Fedde Breeuwsma is ree om it wethâlderskip fanôf dy datum op `en nij op him te nimmen.
Lees verder

Drûchte, wetteroerlêst en oanpak fan de seediken
Drûchte, wetteroerlêst, oanpak fan de seediken. Jildkrapte, belestingferheging en it Deltaplan. Folle net genôch spilet der yn it Wetterskipsbestjoer. Lês hjir yn de Skôgings by de Kadernota foar de Begrutting 2022 wat de ynstek fan de FNP yn it Wetterskip is.
Lees verder