Doorgaan naar hoofdcontent

Taname oantal geiten oanlieding foar nije geitestop

FNP
Taname oantal geiten oanlieding foar nije geitestop
It oantal kij en geiten yn Fryslân is it ôfrûne jier tanaam. It oantal kij gie licht omheech mei 0,4%, mar benammen it oantal geiten naam stevich ta, mei 9,6% nei in oantal fan 27.000. De stiging fan benammen it oantal geiten is foar de Steatefraksjes fan PvdA, FNP, PvdD, SP en GrienLinks reden om har soargen te meitsjen. Dizze foarm fan yntinsive feehâlderij jout mooglike risiko foar de sûnens. De Steatefraksjes wolle fan Deputearre Steaten witte oft de taname oanlieding jout om op `e nij in geitestop yn te fieren.
Lees verder

Acht partijen út de Steaten stelle fragen oer fundearringsproblematyk feangreide
Acht partijen út Provinsjale Steaten (GrienLinks, FNP, PvdD, SP, D66, PvdA, 50PLUS, ChristenUnie) stelle mei-inoar fragen oan it kolleezje oer de stân fan saken mei de fersakjende huzen yn it feangreidegebiet.
Lees verder

Algemien Bestjoer Wetterskip wol gjin wikselpolder by de Westhoek (bywurke)
It plan om by de Westhoek fan in lânboupolder fan 36 ha. in wikselpolder (tagonglik foar seewetter) te meitsjen stuitet by it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip op grutte wjerstân. In moasje hjiroer is oannommen. It wie op inisjatyf fan de FNP, yn'e mande mei de VVD, Geborgd Ongebouwd, Lagere Lasten Burger en it CDA. Nei in koarte diskusje yn it AB stimden ek Geborgd Bedrijven en de CU foar de moasje. Krekt sa`n tekst wie foar de simmer ek yn Provinsjale Steaten oannaam.
Lees verder