Doorgaan naar hoofdcontent

FNP wol Fryske solidariteit en stipe yn striid Grinzers

FNP
FNP wol Fryske solidariteit en stipe yn striid Grinzers
Mei ferbjustering hawwe wy de lêste dagen sjoen hoe't it regear omgiet mei de ynwenners fan Noard-Nederlân dy't it maleur hawwe dat se boppe it Grinzer gasfjild wenje, ien fan de wichtichste ynkommensboarnen fan Nederlân. Op tongersdeitejûn liet it regear witte dat de gaswinning dit jier ferdûbele wurde moat mei as logysk gefolch mear skea. En moandei stienen tûzenen Grinzers yn de kjeld of efter it byldskerm oeren lang yn de rige te wachtsjen om oanspraak te meitsjen op in saneamde subsydzje fan 10.000 euro foar `ferduorsuming en ferbettering.' Foar in soad minsken sûnder resultaat.
Lees verder

FNP: ek yn 2022 koroana-stipe lytse maatskiplike inisjativen
De FNP freget oan Deputearre Steaten om troch te gean mei koroana-stipe foar lytse maatskiplike inisjativen, de saneamde `500-euro regeling`. It docht bliken dat it beskikbere koroana-jild fan de Provinsje ferline jier net folslein opbrûkt is. Wurdfierder Gerben van der Mei stelt skriftlike fragen om it oerskot op`e nij yn te setten.
Lees verder