Felix van Beek giet oan de slach as formateur yn gemeente De Fryske Marren. Mei de beëage koälysje fan FNP, PvdA, VVD en GrienLinks sil er de kommende tiid wurkje oan in akkoart. Felix van Beek is bekend mei de gemeente en it gebiet. Hy wie fjouwer jier wethâlder fan eardere fúzjegemeente Skarsterlân. |