Yn it projekt 'Wordspøken' gean fyftjin rappers út Noard- en East-Nederlân oan 'e slach mei de eigen streektaal. Wat dat opsmyt, is te sjen yn de FryslânDOK 'Rap út 'e regio' fan Herman Zeilstra.
Under lieding fan it Popfabryk yn Ljouwert meitsje de rappers in mikstape mei tweintich tracks. Se krije help fan Bart van de Werken, produsint fan Opgezwolle en Typhoon.
De 'Proeftuin Meertaligheid', in inisjatyf fan fiif provinsjes, stipet de rappers en producers. It ferskaat oan taal en kultuer yn 'e regio fertsjinnet mear, fine de provinsjes. De oandacht en it jild geane no foaral nei projekten yn 'e Rânestêd.… Lês fierder