vrijdag 22 juli 2022

ensafh: Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân ‘De wierheid’

ensafh
Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân 'De wierheid'

'De wierheid' is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de patstelling op it stuit yn de stikstofkrisis. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: 'De stikstofkrisis hâldt politisy en boeren dwaande. Belanghawwenden stean tsjinoer elkoar wylst de ko as sûndebok brûkt wurdt. It liket in patstelling. Soms freget in probleem om kreatyf omtinken. Wat wol de ko eins? Soe dat net in stap foarút wêze?'

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

It gedicht stiet hjirLês fierder

Lees verder

Taspraak Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer de boeren

In emoasjonele en belutsen taspraak fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok oer de boerekwestje.

Klik hjir foar de taspraak.… Lês fierder

Lees verder

Fideo oer Sealterfryske taalorganisaasje Seelter Buund

Ien fan de warberste organisaasjes foar de Fryske taal yn Dútslân is it Sealter Bûn, of yn it Frysk fan Sealterlân: Seelter Buund. Fan de likernôch 1500 sprekkers fan it Sealterfrysk binne sa'n 300 lid fan de organisaasje. Dy organisearret kulturele aktiviteiten, jout kursussen Frysk en stipet frijwilligers dy't Fryske les jouwe op pjutteboartersplakken.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Lees verder