woensdag 3 augustus 2022

ensafh: Aginda 01-08-2022: Avend rond poëzy en múzyk met Henk van der Veer en Bob van der Linde

ensafh
Aginda 01-08-2022: Avend rond poëzy en múzyk met Henk van der Veer en Bob van der Linde

Half 2021 wurdde bekend dat de Meniste Gemeente Sneek op soek gaat naar un andere bestemming foar har kerkgebou an 'e Singel. Dêrmet komt der un end an goëd driehonderd jaar kerkgang op dat plak. Foar ut sufer is òrganiseare Sneker Stadsdichter Henk van der Veer en òrganist Bob van der Linde mòrrenavend om 20. 00 uur tegare un avend rond poëzy en múzyk.

Se steke de lòftrompet over Sneek, staan stil bij de ròl fan de kerk in de Tweede Weareldoarlòch, relativeare ut bestaan, drome over de toekomst en late jum geniete fan woard en toan.

Sjoch foar mear ynformaasje by Henk van der Veer Lês fierder

Lees verder

Kollum Henk van der Veer: Onhandech & Onnoasel, mar Jaap is de Baas!

Alles wat myn staar revisearde ogen siën, ferniële myn hannen. Ik bin ontsettend onhandech at ut op technyk ankomt. Over de oarsaken fan myn technise onfolkomenheden wil ik ut nyt eens mear hewwe.
Ut baanplakke hewwe se mij noait leard en ik had altyd an un hekel an smearege hannen, late we ut der mar op houwe..

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Teleks: Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: It hea yn 'e skuorre

It is simmer en wy bliuwe noch eefkes yn 'e boerewurden. It is simmer, en foar de biograaf ûngetiid. It boek moat binnen in wike by de printer lizze, en dan komt alles byinoar. Op dit stuit sit ik yn 700 bledsiden printkladden. Hearlik wurk, om te sjen hoefolle gegevens oft der wol net byinoar garre binne oer it libben fan Tony Feitsma yn 'e trije jier dat ik der alles mei-inoar oan wurke haw. In rike rispinge!

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Lees verder

Oersetting E.E. Cummings, 'as elk(nei gewraksel mei minskene hel)'

 

 

 

as elk(nei gewraksel mei minskene hel)
minske falt yn syn eigen paradys
tankber
alhiel,de griene wierheid sûnder wêr
fan in ivich no elk wie ferwolkomt fan
dejinge middenmank net telbere bins

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek Lês fierder

Lees verder

Teleks: Toanielskriuwster Doutsen mocht yn it Frysk ôfstudearje yn Utert

De Hogeschool voor de Kunsten yn Utert hie studinte Doutsen van Gosliga tastimming jûn om yn it Frysk ôf te studearjen. De jongfaam fan it Hearrenfean hat dêr tankber gebrûk fan makke en is yn july ôfstudearre as toanielskriuwster. Hja hat it ferslach fan har ôfstudearûndersyk en in toanielstik yn it Frysk ynlevere. It stik is ek opfierd. Hja krige begelieding fan in Frysktalige dosint.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Lees verder

Teleks: Acht winners Rely Jorritsmapriisfraach 2022

Acht winners fan Rely Jorritsmapriis 2022

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand
mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen 'De Dûns' fan Wilco
Berga (Harns), 'De sjongende ridder' fan Sjoerd Bottema (Weidum),
'Skaakles' fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en 'Scapa Flow' fan Geert
Nauta (Wergea).
De winnende gedichten binne 'Wy bin' klaai' fan Edwin de Groot
(Aldehaske), 'Vox Celeste' fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), 'Biografy' fan
Elmar Kuiper (Jorwert) en 'In Winter' fan Minne Velstra (Ljouwert).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy't dit jier foar de 65ste kear
útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten
en 32 ferhalen.… Lês fierder

Lees verder