Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Slingerdûns

ensafh
Slingerdûns

 

 

liet my ferlokje ta in slingerdûns
mei jongfolk en fammeguod
ik stapte oer de foet tebek
en hink honk stikken de boppeskonk

dat ik moat it rinnen wer leare
elke stap sil my beseare
oermoedich liet ik my flaaie
kom dan pake krom

mij it kontakt mei de flier
mei rollator en rolstoel dûnsje
los fan de hurde flier… Lês fierder

Lees verder

Blog Johan Veenstra: Lendepattien

Vandemorgen om kwat over achte bin 'k al op 'e fiets stapt en over De Hoeve naor Kontermaans gaon. En doe… et ni'je Lendepattien langes naor Wolvege. Wat is et mooi wodden! Prachtig! Wat heerlik om daor weer langes fietsen te kunnen. Et pattien en de Lende hebben beidend wat extra kronkels kregen. D'r liggen twie mooie broggies in et pattien. Naoda'k twie fietstassen vol bosschoppen ophaeld hadde uut de supermark bin 'k nog een keer over dat mooie Lendepattien fietst! Veur elven bin 'k thuus al weer op 'e fiets stapt.

Lês fierder by Johan Veenstra

 … Lês fierder

Lees verder

Henk Wolf: Oer de stavering fan it Frysk

Jan Breimer en Ed Knotter briefkje op dizze website oer taal en ik mei har stikjes graach lêze. It 24e briefke yn 'e rige wie fan Ed Knotter. It is in skôging oer stavering en ik tink dat Ed mei rjocht en reden seit dat stavering folle mear is as inkeld in omsetting fan lûden yn letters.

Dat liket miskien in nuver stânpunt foar in taalkundige, mei't stavering yn it foarste plak krekt dat is: in systeem om wurden oer te bringen oan minsken yn oare tiden en op oare plakken. Se hearre se dan net mei jo stim, mar mei dy fan in foarlêzer om mei in ynbylde stim yn 'e holle, as se sels lêze.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: Eardere eigener supermerken (64) skriuwt skiednisskripsje yn it Frysk

RUG-studint Jan de Vries (64) hat syn bachelorskripsje foar de stúdzje Skiednis yn it Frysk skreaun, en dat is in unikum. Om de skripsje yn it Frysk skriuwe te meien, moat apart in oanfraach dien wurde by de eksamenkommisje fan de universiteit.

Syn begelieder dr. Joop Koopmans wie entûsjast oer it idee, mar de eksamenkommisje moast der noch wol efkes oer fergaderje, oft dat wol koe: in skiednisskripsje yn it Frysk.

Doe't bliken die dat it praktysk te regeljen wie, kaam it goed. Sawol begelieder Koopmans as de twadde lêzer koene Frysk lêze. De Vries hat syn bachelor no binnen. Syn skripsje hat in hege beoardieling krige.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: De alderlêste ôflevering fan FERSpraat

In het streekarchief hebben Geart Tigchelaar, Bert de Vries en Annet Lageveen weer een aflevering van FERSpraat opgenomen.

Het is de allerlaatste aflevering, want ze hebben gezamenlijk besloten om te stoppen. Bert wilde in de laatste aflevering een punt maken met een gedicht van Walt Whitman. Annet bracht een gedicht van Annie M.G. Schmidt, en Geart bracht een gedicht van Bartle Laverman.

Lês, sjoch en harkje fierder by rtvnofLês fierder

Lees verder