Teleks: Feitsma-biografy op Frisian Humanities-konferinsje presintearre | Yn Ljouwert is woansdei de twadde Conference on Frisian Humanities begûn. Op de konferinsje binne yn trije dagen 75 wittenskiplike presintaasjes op it mêd fan de Fryske taal, Fryske skiednis en Fryske literatuer. It giet dêrby net allinnich om Fryslân yn Nederlân, mar ek om East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân. Sprekkers komme ûnder oare út Fryslân, Baskelân, Dútslân, Italië en Amearika. Wichtige tema's op de konferinsje binne Fryslân yn 'e midsiuwen, de lapekoer fan Gabe Skroar, de takomst fan de Fryske letterkunde en it Sealterfrysk, de lytse Fryske taalfariant dy't yn Nedersaksen yn fjouwer doarpen sprutsen wurdt. Biografy oer Tony Feitsma Op de earste dei giet de measte belangstelling út nei de presintaasje fan de tsjokke biografy oer professor Tony Feitsma mei as titel 'Pionier foar it Frysk'.… Lês fierder | Lees verder | Geart Tigchelaar: Nij fers yn 'e Dokkumer | Op 9 septimber wie der yn 'e Grutte Tsjerke yn Dokkum in sympoasium oer de Waalske Fuery, de wraakaksje fan de Spanjerts op de Geuzen yn Dokkum yn 1572. Mei't it benammen Waalske hierlingen wienen dy't dêr sa alderbalderst húsmanne hawwe, wurdt it de Waalske Fuery neamd. Dokkum wie nammers net de iennichste stêd dêr't se sa tekeargien binne. Ik mocht der in gedicht oer skriuwe dat Syds Wiersma (myn fêste meilêzer en oersetter) op 9 septimber foarlêzen hat, om't ik dy deis spitigernôch net frijmeitsje koe. Lês it fers by Wurdbyld… Lês fierder | Lees verder | Royalty achter de skermen | Hjir jo royalty-ekspêr mei fragen en antwurden dy't nea yn de media behannele wurde. Hoe sit it no krekt mei Charles III en Camilla? Earst myn oprjochte lokwinsken oan de beide majesteiten dat it no lang om let sa fier is. Alhoewol. Iuwenlang hiene keningen, keizers, etc. favoriten, minsken dy't deistich tagong hiene ta de majesteiten en harren sels ûnder fjouwer eagen sprutsen, bygelyks omdat se Groom of the Stool wiene (kontfeiers op it privaat). As de kening in bysûndere foarkar foar sa'n type krige, koe dy favorite persoan syn of har posysje handich útspylje en te jilde meitsje yn de foarm fan jild en titels.… Lês fierder | Lees verder | Skôging Pier Bergsma: Tony Feitsma, pionier foar it Frysk | Nei krap trije jier wie it woansdei 14 septimber dan safier dat Liuwe Westra syn biografy oer Tony Feitsma presintearje koe. It is in mânsk boek fan 720 siden wurden op glossy papier en mei in soad foto's. De presintaasje wie op it troch de Fryske Akademy organisearre trijedeiske kongres 'On Frisian Humanities'. Yn de ynlieding op dizze middei oer "De fearkrêft fan it Frysk: Plak en bydrage fan Tony Feitsma yn in spanningsfol fjild fan krêften" sketste foarsitter Alex Riemersma al in byld fan Tony Feitsma: "Sy doarste it oan mei nije en oare eagen nei it Frysk te sjen."… Lês fierder | Lees verder | |