Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: Skriuwersboun pleitet foar mear omtinken foar Fryske literatuer by de polityk

ensafh
Teleks: Skriuwersboun pleitet foar mear omtinken foar Fryske literatuer by de polityk

It Skriuwersboun stjoerde alle partijen dy't yn de Fryske Steaten aktyf binne in stik ta oer de Fryske literatuer. Mei de bedoeling dat partijen dy tekst opnimme yn har ferkiezingsprogramma foar 2023. It Bûn fynt dat de Provinsje mear dwaan moat foar de Fryske Skriuwerij. Skriuwers, dichters en oersetters binne neffens it Bûn de minsken dy't soargje foar ûnderhâld en ynnovaasje fan it Frysk as kultuertaal. It Provinsjaal belied is rjochte op in steviger posysje foar de Fryske taal. Dan kin it net sûnder in steviger belied om it lêzen en skriuwen yn dy taal ("ús grutste kultuerskat"). No is der út de polityk wei amper omtinken foar de literatuer, en dat moat oars, fynt it Skriuwersboun.… Lês fierder

Lees verder

Blog Johan Veenstra: Twente

Haarm en ik hadden vandaege naor kammeraod Gé in Borne/Boorn zuld. We gongen altied ien keer in et jaor naor him toe. Dat was jaorenlaank vaast pandoer. Mar… et is now al vier jaor leden dawwe d'r veur de laeste keer west hebben. Dat was in 2018. In 219 was ik niet al te goed doe we d'r henne zollen en doe kwammen d'r twie meer as vervelende coronajaoren. Mar now zol et wezen! Mar ja, mien energie is nog wel wat beparkt nao mien uutvanhuzeri'je in et ziekenhuus, dat we hebben et uutsteld tot ankem veurjaor.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Lees verder

Teleks: Fryske Akademy beneamt fjouwer nije leden

Martsje Miedema-Loonstra, Lida Dykstra, Sake Pieter Roodbergen en Immie Jonkman binne fjouwer nije leden fan de Fryske Akademy. Se binne freed beneamd, op de 84e Akademydei.
De fjouwer binne allegear beneamd op grûn fan harren grutste fertsjinsten foar de Fryske kultuer, meldt de Akademy. Dy beneamt alle jierren in stikmannich nije leden op grûn fan harren fertsjinsten foar de Fryske taal en kultuer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Kollum Jan Bosgraaf: Fuort mei Winnetou?

Wat sille we no belibje? Lês ik it goed? Wrachtich, it stiet der echt. Mei grutte koweletters. 'Verkoopstop voor Winnetou.'

De Dútske útjouwerij Ravensburger Verlag hâldt op mei de ferkeap fan in pear nije berneboeken dy't basearre binne op in nije film oer Winnetou. De Nederlânske útjouwer Meulenhoff Boekerij jout de nije Winnetou-berneboeken ek net mear út. 'Wy folgje de line fan de Dútske útjouwer', is de ferklearring. Neffens de Dútske útjouwer kamen der in soad negative reaksjes op hoe't de lânseigen befolking delset is. Dêrmei wol de útjouwer sizze dat aktivisten op sosjale media grutte fraachtekens pleatsten by de stereotipen dy't neffens harren yn de publikaasjes nei foaren komme.… Lês fierder

Lees verder

Poëzij Wobbe Atsma: postludium

 

 

It libben allyk

earder nacht
en letter dei

kimendize
wifelljocht

wetterwaar
mei tsjinwyn

Lês en sjoch fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Lees verder