De mienskip, it lânskip en noflik wenjen. Dy tema's stean sintraal yn it FNP-konseptprogram `Sa dogge wy dat hjir' foar de ferkiezings fan Provinsjale Steaten in 2023. De partij wol it súkses fan 2022 yn `e gemeenten, doe't 49 riedsleden keazen waarden, trochsette. Neffens de FNP is der troch allerhande lânlike skandalen mear ferlet oan in dúdlik regionaal lûd as ea. |