Doorgaan naar hoofdcontent

ensafh: Teleks: Biografy Trinus Riemersma mei in fernijde Reade Boarre

ensafh
Teleks: Biografy Trinus Riemersma mei in fernijde Reade Boarre

'De Reade Bwarre' troch Trinus Riemersma waard by ferskining troch guon sjoen as in hichtepunt yn de Fryske literatuer. Mar in soad minsken koene it boek net lêze fanwege de ôfwikende stavering. No komt der in ferzje út yn it Standertfrysk, plus in biografy fan de skriuwer.
Doeke Sijens hat de biografy fan Trinus Riemersma skreaun en skriuwster Jetske Bilker hat de omstaving ta 'De Reade Boarre' foar har rekken naam. Beide boeken steane sintraal op in spesjale Trinus Riemersmadei op 22 oktober yn Frjentsjer, organisearre troch de Akademy fan Frjentsjer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Teun Fleur en de Smileys: Jantien

In live-opname fan de bekende Leewarder trûbadoer Teun Fleur mei syn begeliedingsband de Smileys. Se sjonge it moaie leafdeslietsje Jantien.

De opname komt fan it multykulturele iepenloftfestival Hakkietakkie yn Ljouwert (2018).

Klik hjir foar de muzyk.… Lês fierder

Lees verder

Kollum Henk van der Veer: Patatsje Oarlòch

Patat, su lang ik tannen hew, bin ik der al gek op. At ik froeger met oans moeke de stad in moest foar nieuwe klearen, wêr't ik un bloëdhekel an had, hield mamme mij foar dat wannear't ik mij tidens ut winkelen netsjes gedroech patat krije sú. Bij de snackbar fan Lageveen op ut Groatsaan.
Un andere froege herinnering an patat is, dat ik op myn jaardach twee kwartsjes metkreech foar un púdsje patat bij Slippens an de Bòlserterwech.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Lees verder

Kollum Johan Veenstra: Keboolter

En doe was poes inienend weer mit een levendige moes in de hal. Nao wat henne-en-weer gedraef he'k een dekentien over de moes gooid en doe he'k die nog altied lieke levendig weer butendeure laoten. Poes geniet slim van dit soort vermaek. Ikke niet. Veerder he'k vandaege verhaelen rippeteerd veur de optredens van morgenmiddag in Diever en zaoterdagmiddag in Appelsche.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Lees verder

Aginda 29-10-2022: Boekpresintaasje 'Hear fan 'e miggen' by Paviljoen MeM

Boekpresintaasje Hear fan 'e miggen op 29 oktober by Paviljoen MeM

Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan 'e beskaving tin is.
William Golding debutearre yn 1954 mei it wrâldferneamde boek Hear fan 'e miggen. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. It boek ferskynt no, oerset troch Geart Tigchelaar, foar it earst yn it Frysk troch oersetter Geart Tigchelaar.… Lês fierder

Lees verder

Teleks: 1e moannegedicht Jetze de Vries op RIXT

Jetze de Vries is moannedichter fan oktober 2022 by RIXT. Lot is syn earste moannegedicht.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Lees verder

Blog Ferdinand de Jong: Leon de Winter syn wichtige argeleasheid

Sneintemoarn nei de kofje siet ik wat te zappen. De werhelling fan Match of the Day, de 875e auto dy't Wheelers Dealers opknappe, datsoarte wurk. En noch in prachtich programma oer Britske buorkerijen, mar dêr sil ik hjir mar net fierder oer fertelle, want dat past net yn de konjunktuer fan it giftige Nederlân anno 2022.

Ik zapte troch en kaam út by Busines Class mei Harry en Suze Mens. Ik tink dat it yn de top 5 fan langst besteande programma's op de TV stiet. It format is nea feroare, jo keapje josels yn om wat oer jo bedriuw te fertellen en soms is der in politike gast.… Lês fierder

Lees verder