Sûnt in jier as wat bin ik op oanriden fan myn soan begûn op te skriuwen wat er sa deis yn my omgiet. 'Net folle,' sis ik dan, 'as jo sa âld binne as ik, dan belibje jo net sa folle mear.' Mar dochs is dat net hielendal wier. Jo moatte de eagen de kost jaan. Der bart noch fan alles om jo hinne. Allinne jo moatte der each foar ha. Lês fierder by Tiden hawwe Tiden… Lês fierder
De eardere fersetsman Piet Oberman (1908-1972) út Dokkum hat sûnt freed in eigen biografy. It boek is skreaun troch Hessel de Walle. Oberman joech yn desimber 1944 lieding oan de groep dy't de finzenis yn Ljouwert oerfoel om fersetsminsken te befrijen. Skriuwer Hessel de Walle, ûndersocht de ôfrûne twa jier tegearre mei Gerk Koopman, Warner Banga en Marco Oberman de persoan achter Piet Oberman. Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder